Noch trije RfK-leden Zorgpartners Friesland stappe op; ferheging fergoeding weromdraaid

Trije leden fan de ried fan kommissarissen fan soarchorganisaasje Zorgpartners Friesland gean mei yngong fan 1 july 2020 ôf. Anne Marie van der Wijst, Donald van der Peet en Dick de Waard hawwe moandei bekend makke harren funksje del te lizzen. Foarige wike stapte foarsitter Marcel Wintels al op.
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Under Zorgpartners Friesland falle sikehûs MCL yn Ljouwert, soarchgroep Noorderbreedte en sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean.
Der ûntstie koartlyn argewaasje oer de fergoeding fan de leden fan de ried fan kommissarissen. Dy waard ferline jier ferdûbele. It personiel fan de trije soarchorganisaasjes dy't falle ûnder Zorgpartners Friesland is dêr min oer te sprekken. Se wolle dat de ferdûbeling weromdraaid wurdt.
Foarsitter Marcel Wintels stapte dêrom foarige wike op. Vice-foarsitter Marian Verkerk gie op datselde momint ôf.

Ferklearring

Van der Wijst, Van der Peet en De Waard hawwe nei de opskuor yn goed oerlis besletten ôf te gean, melde de rieden fan komissarissen en de rieden fan bestjoer fan it MCL, Tjongerskâns en Noorderbreedte tegearre yn in ferklearring.
It ôfgean stiet neffens Zorgpartners Friesland los fan de berjochtjouwing oer de fergoeding fan de kommissarissen fan de ôfrûne wiken. Om hjiroer folsleine dúdlikens te jaan, hat de ried besletten it beslút hjiroer tebek te draaien ta it nivo fan 2018.

Nije governancestruktuer

Alex Bonnema (auditkommisje) en Ronald Meijer (kommisje kwaliteit en feiligens) bliuwe oan as lid fan de ried fan kommissarissen om mei de ried fan bestjoer fan MCL, Tjongerskâns en Noorderbreedte te wurkjen oan in nije governancestruktuer, it sykjen fan nije leden foar de RfK's en takomstbestindige soarch yn Fryslân.
Sy dogge dat tegearre mei in ûnôfhinklike ynterimfoarsitter dy't nei oerlis mei de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd oanlutsen wurdt. Dêrmei is de kontinuïteit garandearre, skriuwe de RfK's en de RfB's yn de ferklearring. De kwaliteit en kontinuïteit fan de soarch yn it MCL, Tjongerskâns en Noorderbreedte hat neffens harren net gefaar west.