Strânbiblioteek Makkum iepenet seizoen op 'hjerstige simmerdei'

De strânbiblioteek fan Makkum is foar it fjirtjinde jier op rige wer iepen foar gasten fan it yntusken relatyf toeristyske plak. De strânbyb is alle dagen iepen fan 11 oant 5 oere.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
Der komme hjir tsien oan twahûndert besikers deis, dat hinget fan it waar ôf, fertelt meiwurkster Durkje Helfrich yn de strânbiblioteek dy't yn in tinte sit. De boeken moatte 36 oeren yn karantêne foardat se opnij útliend wurde. Helfrich ferwachtet dat de byb net sa gau nee ferkeapje moatte sil. "Dat sil wol wat tafalle."

Ek Dútske boeken

De strânbiblioteek yn Makkum hat ek boeken foar Dútske toeristen. Alle jierren keapje se de titels út de nijste Dútsk boeke-top 10 en nije boeken foar jongerein en bern. Sa bouwe se in aardige kolleksje op.

Wynbestindich

It is sneon gjin strânwaar, dat in soad besikers ferwachtet Helfrich net op de earste dei. It is reinich en it waait hurd, mar de tinte kin wol wat hawwe, seit se. "Wy hawwe sels al ris in wynhoas trochstien."
Ferslachjouwer Ben de Jager yn petear mei Durkje Helfrich