PODCAST SC Hearrenfean 100 jier: "Na de bekerwinst kon ik wel 20 keer trouwen"

Foar in soad SC Hearrenfean-supporters is 17 maaie 2009 in dei dy't se noait ferjitte sille. Hearrenfean wint foar it earst yn de histoarje de beker. Yn de finale winne se nei penaltys fan FC Twente. Mei Gerald Sibon, Michel Breuer, Michael Dingsdag en Geert Arend Roorda sjogge werom nei de road to the final, de wedstriid sels en it feest dêrnei. Sibon: "Na de bekerwinst kon ik wel 20 keer trouwen."
Yn 1993 en 1997 hellet Hearrenfean ek de finale, mar ferlieze se fan Ajax en Roda JC. Hiel Fryslân hopet dat trije kear skippersrjocht is. Dat stiet ek op in grut spandoek, en it slagget. Nei 90 minuten stiet de stân op 1-1, yn de ferlinging wurdt it 2-2. Uteinlik wint Hearrenfean fia strafskoppen en set dêrmei 5-4 op it skoareboerd.
Geert Arend Roorda is op dat stuit de iennige Fries yn de seleksje: "Ik hie wol troch dat der wat spesjaals barre koe. Foar in klup as Hearrenfean wie dit wol hiel spesjaal." Gerald Sibon follet oan: "Wij waren ons er wel van doordrongen. Toen we Volendam in de halve finale lootten, wisten we dat we volledig voor de bekerwinst gingen."

Sibon wint seis bekers

Gerald Sibon wint seis kear de nasjonale beker. Earst mei Roda JC (yn 1997 tsjin SC Hearrenfean), dêrnei ek noch twa kear mei Ajax, ien kear mei PSV en yn Dútslân mei FC Nürnberg. "Maar met Heerenveen was voor mij wel de mooiste", fertelt Sibon.
"Dat ik de laatste penalty mag nemen, maar toch vooral ook de hele manier waarop. De eerste voor Heerenveen, we hadden een goede groep en ik keerde terug bij Heerenveen. Maar vooral voor de club. Ik zag Mustapha (de klupfotograaf; red.) huilen. Kees Smid (de materiaalman, dy't trije jier letter ferstoar; red.) was door het dolle heen. Die was zo gelukkig, hij heeft wel negentig keer het Fries volkslied gezongen."

Rare dingen

Foar Michel Breuer wie it derop of derûnder. "Ik wist ook wel: ik ben geen wereldvoetballer. Dit is misschien wel de enige kans voor mij." Breuer seach yn de oanrin nei de wedstriid dat trainer Trond Sollied rare dingen die en tocht sels efkes dat hy net spylje soe.
"Ik was echt door het dolle heen. Ik moest en zou spelen", seit Breuer. "Maar tijdens het trainingskamp kreeg ik dan weer wel een hesje, dan weer niet. Ik stond op een gegeven moment in ontbloot bovenlijf. Ik werd gek, ik moest en zou spelen."
Geert Arend Roorda, Gerald Sibon, Michel Breuer en Michael Dingsdag © Omrop Fryslân
De Noar Trond Sollied kaam dat seizoen by Hearrenfean as opfolger fan Gertjan Verbeek. Michael Dingsdag: "Wij waren Verbeek gewend. We gingen van een strak regime naar volledige vrijheid. Dat was wel even wennen. Maar vergeet niet hoe goed Trond was."

Trainer Sollied taktysk izersterk

"De eerste twee weken stond Trond alleen maar langs de lijn te kijken en op zijn fluitje te blazen", wit Breuer noch. "Toen dachten we: wat is dit? Maar later kwamen we er wel achter hoe goed hij was. Hij observeerde, en zag en wist alles."
Roorda: "Soms moasten we ek bot laitsje om syn taal. Fingerspitzengefühl sei hy altyd." Dingsdag: "Maar in de finale ook. Hij zette Svec en Elm anders neer, waardoor we de eerste helft echt beter waren dan Twente." Sibon: "Ik kan me voor de wedstrijd ook nog de wedstrijdbespreking herinneren. Hij kwam binnen en zei: "Ik kom over twintig minuten wel terug. Dan wil ik dat jullie een plan hebben, hoe we Twente gaan bestrijden."
SC Hearrenfean bestiet dit jier 100 jier. Yn it ramt dêrfan makket de sportredaksje seis podcasts mei ferskate tema's. De sportferslachjouwers Arjen de Boer en Roelof de Vries nimme elke freed in podcast op oer de skiednis fan SC Hearrenfean en dat dogge se mei nijsgjirrige gasten.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr fynst ek alle oare Sportcasts.