Opsterlân hopet boeren mei te krijen foar nije blomrûten

Spesjale rûten mei bloeiende blomme-greide rânen moatte fytsers yn Opsterlân bewust meitsjen fan de needsaak fan mear bioferskaat. It giet om twa rûten fan elts sa'n 30 kilometer lang. De fytsrûten binne freed offisjeel iepene troch wethâlder Anko Postma.
© Nadine de Ruiter Fotografie
It inisjatyf is nommen troch Japke Weij fan de Bijenbrigade Beetsterzwaag. "It is yn 2018 ûntstien, doe bin ik úteinset mei boargerinisjatyf Op de bres voor de Bij. Fryslân is in griene provinsje, mar in woestijn foar de bij. Dat komt troch it gebrek oan bioferskaat. Wy hawwe biljertlekkens as greide, sûnder ynsekten en fûgels. Ik tocht: dêr wol ik my foar ynsette. Yn Beetstersweach hawwe wy al aardich wat projekten opset. Ek mei skoallen, sa't de nije generaasjes der ek mei yn 'e kunde komme," seit Weij.

Rûten by de ikkers del

Weij hat kontakt lein mei Stichting Bloeiend Boerenland, ELAN Zuidoost-Friesland en in tal boeren om Nij Beets hinne. "Doe kaam boer Warner van der Leeuw op it idee om de rânen fan de ikkers yn te siedzjen," jout sy oan. It projekt moat oer meardere jierren rinne en hat as doel it werombringen fan ynsekten en fûgels op de greide yn Opsterlân. De nije rûtekaarten binne ûnder oare te krijen by Museum Opsterland, de VVV en rekreaasje- en hoarekabedriuwen yn de regio.
Leo Bil fan Stichting Bloeiend Boerenland is bliid mei de blommeberms. "De resultaten binne no sichtber yn it fjild, it tilt no op fan ynsekten. Dat is hartstikke moai om by del te fytsen. It giet net allinne om de ynsekten, mar ek om it ferlies oan ikkerfloara. Der binne noch genôch plakken dêr't noch net blommen lizze. En ek bûten Opsterlân binne der mooglikheden genôch."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar op de fyts yn Nij Beets
De rûtekaart © Oprom Fryslân, Arjen Bosselaar

Kompensaasje foar in heale bunder

Boer Warner van der Leeuw is ien fan de boeren dy't entûsjast dielnimt oan it fytsrûteprojekt. "Ik fyn it moai, ik wol graach wat dwaan foar it bioferskaat. Mei dit projekt kinne je wat sjen litte," sa seit er. "It kollektyf Elan jout der in fergoeding foar, dus yn dy sin konpensearret it ferlies oan opbringst. Ik haw hast in heale bunder lân ynlevere. Ik haw de rûte sels al in kear fytst en it it hartstikke moai."
Net alle boeren hawwe biljertlekkens as greide, jout er oan. "Dat hat noch wol wat nuansearring nedich, ik tink dat in soad boeren wol dwaande binne. Bygelyks mei it behear fan sleatrânen. Der wurde stikken stean litten. Dus it feroaret wol, mar oan de oare kant moat der wol opbringst bliuwe fan it lân. Je wolle goed fretten foar it fee. Mar ik hoopje dat wy boeren mei krije kinne foar dit projekt."
Japke Weij, Warner van der Leeuw en Leo Bil