Koepeltheater yn Ljouwert siket corona-oplossing yn dûbelde foarstellingen

It Ljouwerter Koepeltheater besiket mei dûbelde foarstellingen oan de coronamaatregels te foldwaan en dochs in moai poadiumprogramma helber te meitsjen. It teäter yn de eardere Koepeltsjerke kin yn stee fan de gebrûklike 450 minsken op dit stuit noch mar 125 minsken kwyt. Dat hat alles te krijen mei de oardel meter-maatregel.
© Omrop Fryslân, René Koster
Mei sa'n beheind tal besikers kin it gewoan net út foar it Koepeltheater. Dêrom wurdt no sjoen nei in kreative oplossing. 'Twa foar de priis fan ien', sa neame se dat. It betsjut dat de artysten harren optreden twa kear dogge. Tuskentiids meitsje de earste 125 gasten dan plak foar de twadde ploech fan 125, sadat yn totaal dus 250 minsken de foarstelling sjen kinne.

Petearen geande

"Benammen foar programma's mei regionale artysten sjogge we hjir wol mooglikheden foar", seit Tietsia Rollema fan it teäter. De earste petearen hjiroer binne al geande en de plakken op oardel meter binne yn 'e seal ek al bestikkere. It Koepeltheater hopet meikoarten in konkreet programma te presintearjen.
Sneontemoarn yn it programma Op & Ut hearst in wiidweidich petear mei Tietsia Rollema fan it Koepeltheater.
Tietsia Rollema fan it Koepeltheater