Opskaling oantal IC-bêden MCL lestich troch personielstekoart

Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens wol it oantal IC-bêden ferheegje fan 1.150 nei 1.700, mar dat soarget yn it Medisch Centrum Leeuwarden foar problemen. It materiaal foar de opskaling is der wol, mar it personiel net.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Al foar de coronakrisis hie de intensive care (IC) fan it MCL te krijen mei in tekoart oan personiel. De ôfrûne moannen binne ferpleechkundigen fan de reguliere soarch ynsetten op de IC, mar dat is neffens Remko Seinstra, manager fan de Spoedeisende Hulp, mar in tydlike oplossing.
Seinstra: ''We willen nu de reguliere zorg laten doorlopen, dus we moeten een plan bedenken waarbij je én de reguliere zorg kunt laten doorgaan, én je acute zorg kunt laten doorgaan. Daar wordt nu naar gekeken.''

Lanlik probleem

Op dit stuit hat it MCL in tekoart fan fjouwer fte's, as it giet om de IC-ferpleechkundigen. Seinstra jout oan dat dit gjin útsûndering is en dat it troch de krapte geregeld net slagget om alle bêden fan de IC altyd operasjoneel te hawwen.
"Dit is een landelijk probleem", seit Zeinstra. "In totaal hebben we 1.150 IC-bedden in Nederland, waarvan er maar ongeveer 900 operationeel zijn." It sikehûs yn Ljouwert hat gewoanwei tweintich bêden beskikber.

Pittige oplieding en swier wurk

De krapte yn it soarchpersoniel is net nij, mar neffens Seinstra is de krapte op de spesjalisearre ôfdielingen slimmer. Dat hat neffens him in oantal redenen. "De studie is erg pittig. Hij duurt 18 maanden exclusief inwerken. En we verwachten dat je minimaal 32 uur werkt. Dat willen veel niet."
Remko Seinstra, manager fan de Spoedeisende Hulp
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Het ene moment is de patient stabiel en het andere moment stort hij als een kaartenhuis in.
IC-ferpleechkundige Amina Awjama
Neist de oplieding is ek it wurk swierder as dat fan in reguliere ferpleechkundige. Dat sjocht Amina Awjama ek. Se wurket ûngefear in jier op de IC. "Het ene moment is de patiënt stabiel en het andere moment stort hij als een kaartenhuis in."
Dochs is dit krekt wat Amina ynteressant fynt om mei te wurkjen. "De symptomen van de patiënt laten bepaalde dingen zien. Dan kan ik als verpleegkundige verbanden leggen, diagnoses uitsluiten en proberen in te grijpen."
Ek Amina fernimt de krapte fan it tal ferpleechkundigen op har ôfdieling. "Soms is de druk zo hoog dat je toch extra bedden moet creëren, maar je hebt dan niet altijd het personeel om bij die bedden te staan." Dat losse se op de IC op mei learlingen dy't byspringe. Mar dêrmei is it probleem noch net oplost.

"Opleiding moet aantrekkelijker"

Neffens Seinstra is der dêrom mar ien oplossing: "De opleiding voor IC-verpleegkundigen moet aantrekkelijker gemaakt worden." Hy seit dat de hjoeddeistige generaasje tinkt: 'wêrom soe ik dit dwaan as ik better krije kin?'
Seinstra: "Daarom moeten de IC-verpleegkundigen en eigenlijk ook de reguliere verpleegkundigen een beter salaris krijgen. Daarnaast kun je de druk verlichten door meer mensen in te zetten zodat je minder nachten hoeft te werken bijvoorbeeld. Dan heb je het met z'n allen wat lichter."

Tariede op twadde coronaweach

Nettsjinsteande de krapte wol minister De Jonge it tal bêden op de IC ferheegje fan 1.150 nei 1.700. Foar it gefal dat der in twadde weach mei coronabesmettingen komt. Yn it MCL binne se dêrom efter de skermen oan it tarieden op in eventuele ferheging.
Als meer bedden mogelijk waren, hadden we het er niet over gehad, dan hadden we het gedaan.
IC-ferpleechkundige Amina Awjama
Seinstra: "Wij denken dat we het bouwkundig aankunnen. Ook met het aantal machines dat nodig is voor meer bedden. Alleen het belangrijkste: de personele bezetting is lastig. We hebben nu al niet genoeg IC-verpleegkundigen. Daarnaast zijn de opleiding en de voorwaarden niet aantrekkelijk genoeg voor meer aanwas."
Hoefolle IC-bêden der krekt by komme yn it MCL en de oare sikehûzen yn Fryslân is noch net dúdlik. Amina begrypt de needsaak fan mear bêden wol, mar hat wol in oantal kanttekeningen. "Om meer bedden te creëren gaat heel veel werk aan vooraf. Als meer bedden mogelijk waren, hadden we het er niet over gehad. Dan hadden we het gedaan."

Lange azem

Dit wurdt in proses fan de lange azem, seit Seinstra. "Als de opleiding aantrekkelijker wordt gemaakt en de extra bezetting niet door het ziekenhuis betaald hoeft te worden, duurt het minstens drie jaar voordat we meer bedden kunnen realiseren."
IC-ferpleechkundige Amina Awjama