Fytser ferwûne nei oanriding mei auto yn Ljouwert
By in ûngelok yn de Franklinstrjitte yn Ljouwert is freedtemoarn in fytser ferwûne rekke. De fytser kaam troch yn botsing mei in auto.

It ûngelok barde by winkelsintrum De Sintrale. De fytser ried oer it fytspaad en waard nei alle gedachten oer de holle sjoen troch de bestjoerder fan de auto.
Der waard in ambulânse oproppen, mar ferfier nei it sikehûs bliek net nedich. De ôf- en ynrit fan de Franklinstrjitte ôf nei it De Sintrale ta hat in skoft ôfsletten west.