Prinsetún yn Ljouwert giet nachts ticht

De Prinsetún giet de kommende moannen nachts ticht. Oanlieding is dat neffens de hanthavening en plysje noch te folle minsken har net hâlde oan de ûnderlinge ôfstân. Omdat dat nachts net maklik te sjen is, bliuwt it park dan ticht. Minsken dy't der nachts wol binne, kinne in boete krije.
Prinsetun ticht
"We ha de ôfrûne wiken sjoen dat der benammen nachts in hiel soad te dwaan is yn de Prinsetún", seit wethâlder Sjoerd Feitsma. "In protte minsken moetsje inoar en it is dan gebrûklik om frij ticht byelkoar te sitten. Dat kin net yn dizze tiid. It giet om groepen fan soms wol 150 of 200 minsken."
Boppedat ha omwenners en toeristen dy't mei in boat yn de Prinsetún lizze klachten oer oerlêst.

Oant begjin septimber

De ôfsluting fan de Prinsetún giet woansdei om 22.00 oere yn. Alle nachten bliuwt it park oant 6.00 oere ticht. Dat bliuwt sa oant begjin septimber. "We ha hiel bewust dizze simmerperioade dien. Yn Rotterdam ha se ek in park ôfsletten, mar sûnder eindatum. Wy ha dat hiel bewust wol dien. Mochten we yn septimber ferkearde sinjalen krije, dan kinne we it ferlingje, mar dêr liket it no net op."
Yn de Prinsetún steane al stekken om de stream fan publyk te regulearjen. By de yngongen steane warskôgingsbuorden. De hanthavening en plysje kontrolearje oft minsken echt net yn de Prinsetún komme nei tsien oere jûns.

Utsûnderingen

De nachtsluting fan de Prinsetún jildt net foar minsken dy't mei in boatsje yn de Prinsetún lizze, foar besikers en personiel fan De Koperen Tuin en foar de iennige bewenner fan de Prinsetún.
© Omrop Fryslân