Plysje lost warskôgingsskot by oanhâlding fertochte mei pistoal yn Drachten

De plysje moast yn de nacht fan snein op moandei yn aksje komme nei in melding dat der immen mei in pistoal bedrige waard. Nei ûndersyk die bliken dat it gie om twa manlju yn Drachten.
In pistoal © Shutterstock.com
Om't der in fjoerwapen yn it spul wie, waard it arrestaasjeteam ynset. Beide manlju binne oanhâlden. Dêrby waard in warskôgingsskot lost. By ien fan beide manlju waard yndie in fjoerwapen oantroffen.