Swierferwûne (64) by stekpartij op stasjon Ljouwert; fertochte (38) oanhâlden
Op it stasjon yn Ljouwert hat freedtemoarn in stekpartij west. Dêrby is in 64-jierrige man út Ljouwert slim ferwûne rekke. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De plysje hat in 38-jierrige fertochte út Rotterdam oanhâlden.
Swierferwûne by stekpartij op stasjon Ljouwert; fertochte oanhâlden
De plysje wie mei ferskate ienheden útriden. Yn earste ynstânsje waard der ek in traumahelikopter oproppen. Dy kearde lykwols werom.
De plysje docht op dit stuit ûndersyk. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje fia 0900-8844.
