Reuzereadskonk smoart oare planten, NVWA wol no Europeesk ferbod

De reuzereadskonk en soarten dy't dêrop lykje, moatte yn de hiele Europeeske Uny ferbean wurde, fynt de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). "Aziatische duizendknopen behoren tot de meest invasieve exoten wereldwijd en het effect van deze planten op de biodiversiteit en infrastructuur is groot." Yn Fryslân striidt it wetterskip al langer tsjin de eksoat.
© W. Carter / Wikimedia Commons
Nettsjinsteande de skea dy't de reuzereadskonk - yn it Hollânsk dus de 'Japanse duizendknoop' - oanbringt, meie de planten no noch frij ferhannele wurde.
De reuzereadskonk smoart oarspronklike plantesoarten en giet mei de woartels dwers troch skuorkes, naden en sels asfalt hinne. Dêrtroch wurde diken, wâlskanten en talúds fernield. It bestriden is dreech en kostet jild.
In buro advisearret no om de reuzereadskonk en oare soarten op in de Europeeske list te setten fan ynvasive úthiemske soarten. Planten dy't op dy list steane, meie yn de hiele EU net ferkocht wurde.