Fernielings by fuotbalferiening WWS, klup docht oanjefte
Der ha fernielings west op it sportpark fan fuotbalferiening WWS, de klup fan Wurdum, Wytgaard en Swichum. Op foto's is te sjen dat de netten fan in goal stikken binne, der is skea oanbrocht oan it kassahokje en oan in dug-out en kliko's binne omfier smiten, wêrtroch't oeral ôffal leit.

De minsken fan de klup tinke dat de fernielings moandei wiene tusken 14.00 en 18.30 oere wiene. De klup hat oanjefte dien by de plysje.
Dit wykein wie der ek fandalisme by de sporthal fan Tsjummearum en op it fuotbalfjild fan VCR út Rinsumageast.