Oerol giet moandei digitaal fan start

Gewoanwei soe it eilân Skylge dizze wike hielendal yn it ramt stean fan it Oerolfestival. Mar it coronafirus hat dat bot yn de war skopt. Dochs lit de organisaasje it der net by sitte. Dizze wike wurdt in online Oerolfestival organisearre. It festival duorret fiif dagen en begjint moandei. Siart Smit is de direkteur fan it Oerolfestival en hat der sin oan. "Het moet een beleving worden."
Oerol dei 1
Wêr't it gewoanwei drok is op it eilân, is it dit jier kalm yn de strjitten fan Skylge. Dochs is der genôch te sjen en te dwaan op it Oerolfestival 2020. Smit: "We hebben meer dan zestig optredens in ons programma opgenomen. En daar komen deze week heel veel verrassingen bij", ferklapt er alfêst.
De measte foarstellingen fine wol plak op it eilân, mar binne fan tefoaren opnaam. "Maar er zijn ook live voorstellingen", wit Smit. "Je bent als deelnemer echt onderdeel van zo'n voorstelling. We hebben bijvoorbeeld een Google Hangout plek, waar gasten langskomen. Zo krijg je toch een echte festivalervaring."
© Oerol

In aventoer

Dochs is it dit jier hiel oars as oars. "Als artiest mis je de directe reactie van het publiek." Dat jildt ek foar de organisaasje sels. "Het is heel anders dan wanneer je op het eiland bent", jout Smit ta. "Maar het voelt wel heel goed dat we wel aan het maken en bouwen zijn. We zien het als een avontuur. Niet alles zal perfect zijn, maar misschien ontdekken we dingen die later aanvullend op het normale Oerolfestival kunnen zijn."

Fan tefoaren boeke

In hiel soad saken binne oars as oars, mar ek foar it online festival jilde der foar guon foarstellingen dat se 'folboekt' wêze kinne, warskôget de direkteur. "Het is handig om je in het programma te verdiepen en je alvast online in te schrijven, zodat je niets mist."
Ek it waar is foar guon foarstellingen tige wichtich, lykas by it gewoane festival. "We werken met camera's die alles opnemen, dus droog weer is van groot belang."
Siart Smit oer it online Oerolfestival