Advokaten kritysk op hanneljen fan plysje: 'ynset boargerynfiltrant gong te fier'
In protte advokaten fan de fertochten dy't freed foar de rjochter komme yn de saak-Vidar, oer ynternasjonale drugshannel, fine dat de plysje te fier gong is mei it ynsetten fan in kriminele boargerynfiltrant. In 34-jierrige fertochte út Ljouwert seit dat ek: "Zonder deze man zou ik nooit in deze situatie zijn beland."

Neffens it Iepenbier Ministearje is de fertochte begjin 2018 yn kontakt kaam mei de ynfiltrant. Dat wie de start fan in grut ûndersyk, wêryn't yn totaal 22 minsken oppakt binne. Minister Grapperhaus joech tastimming foar de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant.
Advokaten en de fertochten binne tige kritysk op de ynset fan dy kriminele boargerynfiltrant. De advokaat fan de 34-jierrige fertochte dat net oan de betingsten foldien is by de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant, dy't de namme A-4110 hat. De ynfiltrant soe al yn jannewaris 2018 ynset wêze, doe't der noch gjin fertinking tsjin de kliïnt lei. It Iepenbier Ministearje seit dat A-4110 pas sûnt april 2019 in kriminele boargerynfiltrant wie.
'Ynfiltrant stapte nei plysje'
De fertochte en A-4110 kamen elkoar yn jannewaris 2018 tsjin yn Ljouwert. Se koenen elkoar al jierren. De fertochte soe frege ha oft de ynfiltrant noch wolris 'wat die'. Neffens A-4110 doelde de fertochte dêrmei op drugshannel en dêrom stapte er nei de plysje. "Daarop is hij met goedkeuring van de politie een eigen onderzoekje begonnen", seit de advokaat. Neffens de fertochte socht de ynfiltrant de hiele tiid kontakt: "Ik ben gepusht. Ik heb nooit wat met drugs te maken gehad. Door hem zit ik hier nu. Hij heeft dit gecreëerd. Het is absurd."
"Op basis van een leugen"
In oare Ljouwerter fertochte (50) fielt him ek slachtoffer fan de ynfiltrant. "De contacten zijn geëntameerd door A-4110. Het is steeds A-4110 die het gesprek steeds op harddrugs bracht. Het vervoer van drugs naar Finland is ingestoken door politie en justitie", seit de advokaat. De fertochte seit sels dat de ynset fan A-4110 'wanbelied' is. "Op basis van een leugen zet justitie het allerzwaarste onderzoeksmiddel in tegen mij."
Njoggen fertochten ferskine freed foar de rjochtbank yn Ljouwert: acht Friezen en in Fin. It giet om in pro-formasitting, de ynhâldlike behanneling is nei alle gedachten pas ein 2021. Guon fertochten binne lid fan Hells Angels en Red Devils.
Advokaat Tony Boersma fan ien fan de fertochten út Ljouwert