Sekswurkers warskôgje: sûnder regeling nimt yllegale prostitúsje ta

As de Ryksoerheid net gau mei jild oer de brêge komt, nimt de yllegale prostitúsje yn Ljouwert gigantysk ta. Dat seit Danny Sesseler, dy't keamers op de Ljouwerter Weaze eksploitearret.
Sekswurkers
Sesseler krijt alle dagen in lytse 50 oanfragen fan froulju, dy't graach ien fan syn keamers hiere wolle foar prostitúsje. Mar troch de coronamaatregels kin Sesseler dêr net op yngean. "Maar prostitutie gaat gewoon keihard door", seit er. "Gewoon in de illegaliteit. De dames willen ook eten kunnen kopen, maar ze krijgen geen tegemoetkoming. Wat moet je dan?"
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ferskate organisaasjes fan sekswurkers fiere dêrom freed aksje yn Den Haag en der hingje posters achter de ruten. "We zijn vanaf half maart dicht", seit Sesseler. "Financieel is het een grote slop: voor ons als ondernemers én voor de dames. De tegemoetkomingen van de regering zijn er niet voor ons."
Als de pedicure, kappers, massagesalons, sauna's, sportscholen allemaal aan protocollen voldoen en open kunnen, waarom wij niet?
Danny Sesseler
En dus fielt de brânsj him negearre. "Als de pedicure, kappers, massagesalons, sauna's, sportscholen allemaal aan protocollen voldoen en open kunnen, waarom wij niet? We hebben een heel duidelijk protocol opgesteld met duidelijke richtlijnen. Sowieso voldoen we al aan hogere hygiënerichtlijnen. Wij weten donders goed hoe een protocol werkt en hoe we er ons aan moeten houden"

Stigma op sekswurk

Dat al dy oare sektoaren wol wer oan de slach kinne, mar de sekswurkers net, komt neffens Sesseler troch it stigma dat derop sit. "In de twintig jaar na de legalisatie hebben we alleen maar plichten gekregen, en voor mijn gevoel totaal geen rechten."
Oft de aksje echt wat opsmyt, doart Sesseler net te sizzen. "Ze kunnen nu in elk geval niet meer zeggen 'we wisten niet het niet'. Er vormt nu een hele illegale kant van de prostitutie, dat is een probleem dat steeds groter wordt."
Danny Sesseler fertelt oer de problemen yn de brânsj