Petysje Boargemaster Krijgerplein De Lemmer oanbean: "Dy namme moat hjir echt wei"

De namme fan it Boargemaster Krijgerplein op De Lemmer moat feroare wurde. Dat is de oprop fan de petysje, dy't yntusken hast seishûndert kear ûndertekene is. Boargemaster Krijger wurke yn de Twadde Wrâldoarloch mei de Dútske besetter mei. No't it plein rekonstruearre wurdt, is dat neffens de inisjatyfnimmers de kâns om de namme te feroarjen. De petysje is woansdeitemiddei oan wethâlder De Jong fan de gemeente De Fryske Marren oerlange.
Petysje Boargemaster Krijgerplein De Lemmer oanbean: "Dy namme moat hjir echt wei"
Hendrik Bootsma is inisjatyfnimmer fan de petysje om de namme fan it plein te feroarjen. Hy is bliid mei alle stipe dy't er krigen hat, mar hie wol wat mear hantekens ferwachte. "It hie wat heger wêze kinnen. Ik tink dat in oantal minsken net yn 'e gaten hie dat se in mail mei in befêstiging krigen, dat se dat oanklikke moasten en dat dan de stim jildich wie."
© Google Maps
Hendrik Bootsma, inisjatyfnimmer foar de nammewiziging fan it Boargemaster Krijgerplein

Praatsjes

De inisjatyfnimmers ha lykwols wol in hiel soad dien om de petysje ûnder de oandacht te bringen. "Wy ha posters drukt en dy binne ek troch it doarp ophongen. It is in doarp, dus it praatsje giet ek gau rûn."
Bootsma giet der net akkoart mei as der in buordsje by de namme komt. "Nee, dan bin ik net tefreden. Dy namme moat echt hjir út De Lemmer wei. Allinnich dat soe foar ús en in hiele protte oare minsken, dy't him ek kend hawwe, in goeie oplossing wêze."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar wie by it oerlangjen fan de petysje
"Dy 600 hantekens sizze fansels wol hoe't dit libbet op De Lemmer, we ha dat earder ûnderfûn, mar dit ûnderstreket it nochris hiel dúdlik en ek de aksje om it goed útsykje te litten", seit wethâlder De Jong.
Ek it oarlochsynstitút NIOD is by de saak belutsen en sil ûndersik dwaan nei de boargemaster.