De befrijing fan Skier kaam pas wiken letter

Skiermûntseach wie it lêste stikje Nederlân dat befrijd waard fan de Dútsers. Pas op 11 juny 1945 stapten de 600 Dútske soldaten, dy't yn 'e oarloch op Skier legere wiene, op 'e boat nei Zoutkamp. Wat dêr op it eilân gebeurd is, en hoe't it kaam dat it sa let befrijd waard, wurdt ferteld yn in telefyzjeútstjoering by Omrop Fryslân.
De ôftocht fan de 600 Wehrmachtsoldaten fan Skiermûntseach © Bauke Henstra
De provinsje Fryslân wol de befrijing fan Skiermûntseach betinke. Omdat der troch de coronamaatregels gjin grut evenemint mei in protte minsken mooglik is, is der yn plak dêrfan in telefyzjeústjoering mei gasten en live muzyk. De útstjoering is op tongersdei 11 juny tusken 15.30 oere en 17.00 oere by Omrop Fryslân, live by de Koaipleats wei.

Seis wike langer oarloch

De oarloch op Skiermûntseach ferrûn folslein oars as op de fêstewâl. De befolking fan Skier moast nei 5 maaie 1945 noch seis wike wachtsje op syn befrijing. Dat kaam omdat 120 bewapene Dútske en Nederlânske leden fan de SS en de SD noch op it eilân sieten. Se hiene trije pleatsen oan de Koaiwei yn beslach nommen. Se ferburgen harren dêr yn 'e einekoai, yn 'e hoop letter nei Dútslân ûntsnappe te kinnen. Mei in plan fan fersetsman Herman Kloppenborg slagge it om de groep sûnder geweld fan it eilân te krijen. Se waarden op 'e boat rjochting Zoutkamp setten, en dêrwei nei de finzenis yn Grins brocht.

Scholtenhuis

Doe't yn april '45 de Kanadezen oprukten nei it noarden fan Nederlân, waard it de leden fan de SS en de SD te hyt ûnder de fuotten. Sy sieten yn it Scholtenhuis yn Grins, it noardlike haadkertier fan de Sicherheitsdienst en de Sicherheitspolizei, oan de eastside fan de Grote Markt. It wie yn de besettingstiid in berucht gebou. In protte fersetsminsken en oaren binne der op wrede wize heard, martele en fermoarde. Dêrneist soarge it personiel fan it Scholtenhuis foar deportaasje fan de Joaden út it noarden.

Flechtplan

By in Kanadeeske oerwinning soene de SS'ers en SD'ers arrestearre wurde. Dêrom makken se it plan om fia Skiermûntseach nei it Dútske waadeilân Borkum te flechtsjen. Yn 'e nacht fan 14 op 15 april 1945 is in groep fan 120 leden fan de SS en de SD nei Zoutkamp gien. Op fjouwer skippen setten se koers nei Skiermûntseach. Underweis waarden se besketten fanút Eastmahorn, dêr't fersetsminsken de stellingen oan de kust ynnommen hiene. De Dútsers dy't dizze 'Grenzschutz' bewaakten, wiene al nei Skier flechte.

Kalm

Op it eilân wie al in groep fan 600 Dútsers legere, dy't diel útmakken fan de ferdigeningsliny 'Atlantikwall'. Yn de dunen wennen se yn it 'Schleidorp'. De befolking fan Skier telde yn de oarloch ûngefear 700 minsken. It bleau relatyf rêstich op it eilân, der wie gjin sabotaazje of ferset. De Dútske besetter joech de eilânbewenners it boadskip: 'As wy gjin lêst hawwe fan jim, dan sille jim gjin lêst hawwe fan ús.' Wylst tritich kilometer fierderop yn Grins minsken deasketten waarden, ferrûn op Skier it libben frij kalm.
Skiermûntseach Lancaster fleantúch © Bauke Henstra

Bommen op it doarp

Dochs hat de oarloch slachtoffers easke ûnder de Skiermûntseager befolking. Ingelske en Amerikaanske bommenwerpers fleagen ûnderweis nei Dútslân faak oer de Waadsee hinne. De Dútske radarynstallaasje yn de dunen fan Schleidorp besocht dizze fleantugen op te spoaren. Fan de fleanbasis Ljouwert ôf waarden Dútse jachtfleantugen ynsetten om de fijanlike tastellen te ûnderskeppen en del te sjitten. Op 28 july 1943 binne der swiere bommen fan alliearde fleantugen dy't achterneisitten waarden, loslitten boppe it doarp op Skier. Tolve minsken binne dêrby om it libben kaam, ûnder wa de boargemaster en syn frou.

Trije pleatsen

Op 15 april 1945 foardere de groep fan 120 SS 'ers en SD 'ers út it Scholtenhuis trije boerepleatsen: dy fan Talsma, Visser en Holwerda oan de Koaiwei. Se holden har skûl yn de einekoai. De Wehrmacht yn it 'Schleidorp' fertroude it net en rjochte kanonnen op de trije pleatsen. Sa koe it gebeure dat it Dútske leger syn eigen 'bûngenoaten' ûnder skot hold.
Kooiplaats Schiermonnikoog © Bauke Henstra

'De grutste smearlappen'

By de groep sieten misdiedigers fan it slimste soart, seit de Skiermûntseager oarlochskenner Bauke Henstra: "De grutste smearlappen dy't yn it noarden húsholden hawwe." Under harren wiene de Grinzer landwachter Oomke Bouman, en Robert Lehnhoff, dy't 'De Beul van Groningen' neamd waard. Nei de befrijing op 5 maaie hopen de SS 'ers en de SD 'ers noch hieltyd dat der in kâns komme soe om fan Skiermûntseach te flechtsjen nei Dútslân.

Herman Kloppenborg

Op 25 maaie gong fersetsman Herman Kloppenborg út Winschoten, ferklaaid as Kanadeeske majoar, mei twa oare Kanadeeske militêren nei it eilân ta. De groep fan it Scholtenhuis tocht dat der in delegaasje fan de Kanadezen kaam om mei harren te praten. Kloppenborg stelde harren gerêst troch te sizzen dat de groep as 'krijgsgevangenen' behannele wurde soe. Hy besocht se sa frijwillich mei nei de fêstewâl te krijen.
Dat slagge. Op 31 maaie hellen twa boaten de groep op. Yn de haven fan Zoutkamp waarden de SS 'ers en de SD 'ers yn frachtauto's setten en streekrjocht nei de finzenis yn Grins brocht. Letter binne se berjochte en bestraft. Guon binne eksekutearre.
De 600 militêren fan de Wehrmacht gongen op 11 juny fuort fan it eilân. Al it guod dat fan de Dútske besetter west hie, gong yn flammen op. De befrijing fan Skiermûntseach wie no in feit.
It programma 'De befrijing fan Skiermûntseach' is te sjen tongersdei 11 juny fan 15.30 oant 17.00 by Omrop Fryslân TV. It wurdt makke troch Omrop Fryslân yn gearwurking mei Pier 21 en de provinsje Fryslân.