Fryske gemeenten yn ferset tsjin koartingen op sosjaal domein

Fryske gemeenten fersette harren tsjin in foarstelde werferdieling fan de jilden foar it sosjaal domein. Dy ferdieling pakt foar hast alle Fryske gemeenten negatyf út.
WMO-soarch © Shutterstock.com (Lighthunter)
De gemeenten krije it jild foar it sosjaal domein fan it Ryk fia it gemeentefûns. Minister Kajsa Ollongren hat ferline wike in brief oan de Twadde Keamer stjoerd wêryn't se in werferdieling fan dizze jilden oankundiget. It gefolch fan har foarstel is dat de lytsere gemeenten mei minder as 100.000 ynwenners der op efterút geane, somtiden mei flinke bedraggen.

Protest oantekenje

Fia de Vereniging van Nederlandse Gemeenten tekenje de Fryske gemeenten hjir protest tsjin oan. Sa'n sechtich gemeenten dogge hjir oan mei. "Wy binne hjir wol fan skrokken, foaral omdat in soad gemeenten al mei tekoarten op it sosjaal domein te krijen ha", seit Fred Veenstra, foarsitter fan de feriening fan Fryske gemeenten.
Sa giet Amsterdam der njoggentich miljoen euro op foarút, wylst in lytse gemeente as Dantumadiel mar leafst ien miljoen euro ynleverje moat. "Dat is in hiel grut bedrach foar sa'n gemeente", seit Veenstra. Neffens de boargemaster is it noch net te let om mei de minister yn petear te gean. De werferdieling fan it sosjaal domein is noch mar it earste part fan de jilden dy't fia it gemeentefûns útdield wurde.
Letter dit jier komt der ek noch in foarstel foar de jilden foar bygelyks diken, ûnderwiis en kultuer. Veenstra hopet dat oerlis mei de minister in oare ferdieling opsmite sil.