Gjin rommere regels foar busreizen: "Net terjochte dat wy achtersteld binne"
By Dalstra Reizen yn Surhústerfean rinne se noch net de polonêze, nei't premier Rutte woansdeitejûn dúdlik makke hat dat de beheiningen foar fakânsjes yn it bûtenlan fan 15 juny ôf minder strang wurde. Sterker noch, it touringcarbedriuw is teloarsteld dat de regeljouwing foar busreizen foarearst noch net oanpast wurdt.

Johan Dalstra fan Dalstra Reizen hat dûbele gefoelens oer it beslút fan it kabinet. Oan de iene kant is hy bliid dat de regels foar de reisbrânsj ferromme wurde, mar hy hie graach sjoen dat dat ek jilde soe foar de touringcarsektor. Foarearst bliuwe syn 23 bussen noch stilstean.
"It is foar ús noch net oan 'e oarder. Neffens de rjochtlinen ha wy mar plak foar tolve minsken yn in bus en dat is net rendabel", seit Dalstra. "Ek is yn it bûtenlân noch net dúdlik wat dêr allegear mei foar touringcars."
Selde protokol
Neffens Dalstra hat de touringcarbrânsj itselde protokol yntsjinne as dat foar fleantugen, mar is dat ôfkard. Hy kin it him net begripe dat der wol fleantugen fol mei minsken fleane meie, mar der gjin tritich minsken yn in bus kinne. "It is hiel ûndúdlik wêrom't it foar ús ôfketst is. It fielt net terjochte dat wy achtersteld binne."
Dochs hâldt Dalstra hoop dat syn bussen ynkoarten wer de dyk op kinne. "We ha in oantal reizen yn Nederlân op de plank klearlizzen. Ek binne we yn petear mei hotels yn Dútslân."
Johan Dalstra fan Dalstra Reizen út Surhústerfean