Sinnepanielestrop Thialf "betreurenswaardig", minister soe yn aksje komme moatte

GrienLinks ropt minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat op te bemiddeljen tusken Thialf en de fersekerder, no't dúdlik wurden is dat it iisstadion net fersekere wurde kin, mei de sinnepanielen dy't no op it dak lizze.
Iisstadion Thialf © Omrop Fryslân
Fiiftûzen sinnepanielen op it dak fan Thialf steane no út, omdat de fersekering oars yn gefal fan brân net útkeare wol. Trochtdat it iisstadion no ekstern enerzjy ynkeapje moat, soarget dat foar in skea fan 125.000 euro yn it jier. En in nije fersekering sil ek djoerder wurde.

'Wiebes moat bemiddelje'

Twadde Keamerlid Tom van der Lee fan GrienLinks neamt de sitewaasje 'betreurenswaardig'. Hy hat der Keamerfragen oer steld. Neffens him soe minister Wiebes bemiddelje moatte, om de fersekering mooglik te meitsjen. "Hij moet alles op alles zetten om zonnepanelen op daken te bevorderen", seit Van der Lee. "Dit is niet de eerste keer dat er een verzekeringskwestie opspeelt bij zonnepanelen."
As de partijen der net útkomme, moat it Ryk it der net by sitte litte, seit Van der Lee. De minister soe ûndersykje moatte oft de oerheid net sels in fersekering yntrodusearje kin, foar ditsoarte gefallen. Dat soe fersekerders prikkelje kinne om better mei ditsoarte sitewaasjes om te gean, seit er.

Krúsjale sinne-enerzjy

"Ik wil dat de minister alle opties in kaart brengt", seit Van der Lee. "Als de verzekering niet bereid is om het risico te dekken, en het gaat om een zaak van nationaal belang, dan moet je hier over nadenken." Van der Lee neamt de grutte sinnedaken krúsjaal foar de enerzjytransysje.