Fertochten wapenhannel Noard-Nederlân bliuwe fêstsitten

Sân fan de tsien fertochten yn in grutte wapenhannelsaak yn Noard-Nederlân bliuwe foarearst fêstsitten. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert tiisdei bepaald. De saak waard noch net ynhâldlik behannele. De oare trije fertochten moatte yn in letter stadium foarkomme. Troch de coronakrisis hat de saak grutte fertraging oprûn.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De binde hannele yn Kalasjnikovs, hânfjoerwapens, munysje fan ferskate kalibers, swiere eksplosiven, kapmessen en honkbalkneppels. Ek waard der drugs ferhannele.
Opfallend wie tiisdei de ferklearring fan in 34-jierrige Ljouwerter fertochte. "Ik ben erin verzeild geraakt, ik ben onvoorzichtig geweest", sei er. De man hat acht jier lang yn it leger sitten en wie dêr wapenekspert.
Fjouwer jier lyn rûn hy Hendrik van der H. fan Easterwâlde tsjin it liif, haadfertochte yn dizze saak. "De twee kenden elkaar nog van vroeger, van de scouting. Van der H. vroeg of hij even naar een kapot pistool wilde kijken en zo kwam van het een het ander", seit syn advokaat Jan van Leuven.

Nayf

Nei de ynfal op 27 febrewaris, doe't alle fertochten oppakt waarden, fûn de plysje ferskate wapens en eksplosiven by de Ljouwerter thús. "Hij is misschien naïef geweest, maar hij vond het wel spannend. Mijn cliënt is evenwel geen crimineel, hij heeft geen strafblad. Hij had zijn leven weer op de rit, met werk, een vriendin en een eigen huis", seit advokaat Van Leuven.
De fertochte soe graach it proses thús ôfwachtsje. "Dan kan ik geld verdienen voor als ik straks de gevangenis inga, want daar houd ik rekening mee. Al zie ik mijn rol anders dan de overige verdachten."

Hendrik van der H.

Fan de rjochtbank moat de Ljouwerter lykwols fêstsitten bliuwe, lykas de oare fertochten dy't tiisdei foarkomme moasten. Dêrby siet ek Hendrik van der H., dy't sjoen wurdt as de spil fan de binde. Hy wurdt fertocht fan wapenhannel, ôfparsing, mishanneling, minskehannel en it besykjen ta deaslach.
Syn advokaat Sonny Jansen fynt it bewiis fan it Iepenbier Ministearje 'flinterdun'. Jansen: "Als je bedenkt dat het onderzoek al een jaar en negen maanden duurt en dan heb je niet meer dan wat indirect bewijs." Advokaat Jansen frege alle ferhoaren en tappetearen op dêr't syn kliïnt yn foarkomt. "Dan wil ik nog wel eens zien wat er overblijft."

Fertraging

De saak hat troch de coronakrisis grutte fertraging oprûn, omdat der gjin tsjûgen heard wurde koene. Fierder moatte de wapens noch ûndersocht wurde en kompjûters dy't yn beslach nommen binne foar in part útlêzen wurde. Net earder as begjin takom jier sil de ynhâldlike behanneling plakfine.