Motor- en brommerrider reitsje ferwûne by Oerterp

In motorrider is moandeitejûn by Oerterp swierferwûne rekke by in ûngelok. Op de Feart by it doarp foel de bestjoerder mei syn motor. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend.
© De Vries Media
Meardere helptsjinsten, wêrûnder de traumahelikopter fan Volkel waarden oproppen. Twa ambulânses kamen te plak en hawwe help ferliend oan de motorrider. Dy is mei swiere ferwûningen oerbrocht nei it UMCG. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Twadde ûngelok

Koart nei dit ûngelok gie op de Boerestreek by Oerterp in brommerrider ûnderút. Ek dit slachtoffer rekke swierferwûne. De helptsjinsten rukten op 'e nij út, ek de traumahelikopter waard wer oproppen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht. De brommer is foar fierder ûndersyk yn beslach naam. De dyk wie in skoftke ticht.