Staatsbosbeheer: Pinksterwykein is 'generale repetysje' foar de simmerfakânsje

It pinksterwykein is spannend foar Staatsbosbeheer. Sy sjogge it as in generale repetysje foar de simmerfakânsje. De natuerorganisaasje hat foar it pinsterwykein gjin gebieten ôfsletten, mar sil ekstra tafersjoch hâlde om't it nei alle gedachten wer drok wurde sil yn de Fryske natuer.
Besikers fan in natuergebiet fan Staatsbosbeheer © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Staatsbosbeheer hat te meitsjen mei in grut tekoart oan tafersjochhâlders, mar sil nettsjinsteande dat ekstra skerp wêze dit wykein. By de hotspots sa as de bosken by Riis, Oranjewâld en Bakkefean wurdt grutte drokte ferwachte.
De natuerorganisaasje sjocht de ôfrûne tiid dat de problemen yn de natuer tanimme en makket him dêr soargen oer. It is spannend oft de kuierders, fytsers en oare rekreanten har op drokke plakken oan de regels hâlde en foaral oft se de natuer net te bot fersteure.
It wyldpisjen- en poepen soarget foar in soad rommel yn de gebieten. Ek is it wichtich dat hûnen oan de line bliuwe en dat minsken net de libbensomjouwing fan fûgels fersteure.

Sykje de 'ferburgen peareltsjes' op

Staatsbosbeheer wol dat minsken it dit wykein nei de sin ha, mar hopet dat de rekreanten rekkenskip hâlde mei de natuer. Se roppe dan ek op om net de drokke plakken op te sykjen, mar te kiezen foar bygelyks 'ferburgen peareltsjes' yn de Fryske natuer.
Ek it gebiet by De Mieden hat goede fytsrûten en it Koepelbos by Aldeberkeap is in moai plak om te kuierjen, sa seit de natuerorganisaasje.