FIDEO: "Belang fan folkssûnens altyd belangriker as dat fan de ekonomy"

It belang fan de folkssûnens sil altyd belangriker bliuwe as dat fan de ekonomy. Dat sei boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert freed yn It Polytburo - Fryslân Moarn by Omrop Fryslân.
No't nije wike it slot foar in diel fan de coronamaatregels ôf giet, nimt de ûndúdlikheid ek ta. Wat mei der no wol, en wat net? Buma syn fokus is helder, sa seit er: "Feiligens giet foar alles, ek al bringt dy skea foar de ekonomy mei him mei."
Boargemaster Buma wie foarearst de lêste gast yn de nije fariant fan It Polytburo. It programma giet der efkes tuskenút. De ôfrûne wiken hie presintator Eric Ennema it mei gasten út ûnder oare it bedriuwslibben, de polityk en de kultuer oer de coronakrisis.
It Polytburo - Fryslân Moarn wurdt freeds om 17.30 oere útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. Dêrnei wurdt it alle oeren opnij útstjoerd nei Hea! en is it fansels ek online te finen.