It grutte ynternasjonale darttoernoai fan de PDC dat yn septimber yn Ljouwert hâlden wurde soe,
is ôfsein. Dat hat it profesjonele dartbûn freed bekend makke. Fanwegen de coronakrisis kin it evenemint yn it WTC Expo net mear trochgean. Neffens algemien direkteur Peter Ourensma fan it WTC Expo koe it eins net oars dat it darttoernoai mei de hjoeddeiske coronamaatregels net trochgean koe. Dêrfoar soe der fierstente folle publyk op ôfkomme.