Gouden Grutto 2020 foar greidefûgelboer Egbert Zorgdrager

Greidefûgelboer Egbert Zorgdrager fan Skylge hat fan Fûgelbeskerming Nederlân de Gouden Grutto-award krigen. De Gouden Grutto is de natuerpriis foar boeren dy't har ynsette foar it beskermjen en behâlden fan greidefûgels. Neffens de Fûgelbeskerming is Zorgdrager 'boerelânfûgelboer' yn ieren en sinen.
© Vogelbescherming Nederland
Zorgdrager is biologysk melkfeehâlder yn it hert fan de Skylger Polder. Op syn bedriuw spylje greidefûgels in promininte rol en krijt de natuer alle romte. Neffens de Fûgelbeskerming giet Zorgdrager krekt in stap fierder as de maksimaal helbere maatregels op it mêd fan greidefûgelbeskerming. Hast de helte fan syn lân wurdt bygelyks letter yn it seizoen meand, wêrtroch't de fûgels har briedsyklus ôfrûnje kinne.
De bedriuwsfiering fan de Skylger boer folget it prinsipe 'earst de fûgels, dan de kij'. Zorgdrager hat in mjuks fan fjouwer kijrassen en dat soarget derfoar dat se it struktuerrike, minder yntinsyf-aaiwytrike gers goed fertarje kinne.

Tsiisfabryk

Zorgdrager wie lange tiid de iennige dy't syn molke levere oan it tsiisfabryk op it eilân. Yntusken leverje alle melkfeehâlders in part fan har molke oan dit fabryk. De boeren op it eilân wolle der mei elkoar foar soargje dat se net ôfhinklik binne fan de wrâldmerk. Se produsearje en konsumearje dêrom lokaal iten en hâlde in koarte fiedselstring oan.
Dêrneist is Zorgdrager ek mei-oprjochter fan it Netwerk Boerenlandvogelboeren fan Fûgelbeskerming Nederlân. De goed 70 boerebedriuwen yn it netwurk binne koprinners wat it ynpassen fan greidefûgelbehear yn it boerebedriuw oanbelanget.
As blyk fan wurdearring foar alle ynspannings dy't Zorgdrager leveret foar de greidefûgels rikt de Fûgelbeskerming de Gouden Grutto dit jier oan him út.