'Boeren moatte mei supermerken prate, want Friezen ite hast gjin Fryske ierpels'
Bouboeren moatte rjochtstreeks kontakt ha mei supermerken, om lokale produkten better oan de man te bringen. Dat seit Pyt Sipma. Hy is bouboer in Ingwierrum, en ien fan de inisjatyfnimmers fan in projekt dat de lokale ekonomy ferstevigje moat.

Sa'n 95 prosint fan de ierappels dy't de Friezen ite, wurdt net yn Fryslân ferboud, wylst der wol ierappelboeren yn de provinsje binne. In soad fan ús iten komt fan fier of wurdt op in grutte ôfstân bewarre, ferwurke en bewurke.
Sipma is dwaande om syn produkt klear te meitsjen foar de supermerken yn de omkriten. "Mei de ierappels giet it goed, mar der mei wol wat wetter by. It is fierstente drûch."
Hjir groeie bêste ierappels en dy jouwe we oan de kij. Dat is te gek foar wurden.
Sipma rint oer it lân hinne en hellet in pear ierappels út de grûn. "It giet om in stikje beleving, dat is wat dizze ierappel no sa moai makket. Mei bier en wyn ha je dat ek. As je it ferhaal derefter wiete, ha je der ferbining mei."
"Ik ha hjir ek in protte ekskurzjes fan skoallen. Doe wie der in bern dy't sei dat der gjin ierappels woe. Ik ha doe dy fan myn lân oan him jûn en dat woe der wol." fertelt Sipma wylst hy syn lân ynspektearret. "Dy fan de supermerk, dy mocht er net."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort is op it fjild
Sipma wurket mei oan de saneamde Fjildlab. Dat is in gearwurkingsferbân dat de sirkulêre ekonomy yn it noardeasten fan de provinsje ferstevigje moat.
Durk Durksz is projektlieder. Hy hopet dat supermerken ynteresse ha yn de ierappels fan hjir. "It is foar supermerken goedkeaper om se by de lokale boer te heljen," seit er. Op dit stuit rinne der petearen mei ûndernimmers.
"Alles wat yn de winkels leit komt fan oer de hiele wrâld. Mar yn Fryslân groeie bêste ierappels en dy jouwe we oan de kij. Dat is te gek foar wurden."