In dichtbondel yn it Súdwesthoeksk: dat klinkt sa

Je sjogge it eins noait, in dichtbondel fol mei gedichten skreaun yn it Súdwesthoeksk. Mar Joël Hut hat der ien skreaun: Börtersgrut. Joël skreau earder al gedichten yn de tydskriften Ensafh en De Moanne. Dat hy yn it Súdwesthoeksk skriuwt 'sorget' neffens him 'faak för opskudding yn e frise literatuerweareld.'
Börtersgrut © Joël Hut
Joël hjit eins Huitema, mar skriuwt ûnder de efternamme fan syn freondin. Hy is tige grutsk op syn debút: "It fielt geweldich, it is tige bysûnder om sa'n bondel dan ynienen yn de hannen te hawwen. Der binne der earst hûndert fan drukt." Yn de bondel steane 24 gedichten.
De titel Börtersgrut is soarchfâldich keazen. "It is in wurdgrapke mei 'boartersguod' en 'it grutte fan it boartsjen,' bygelyks mei de taal en wurden. Yn myn gedichten sitte wol wat autobiografyske eleminten, ik kin dingen út myn libben ta poëzy ferwurkje. Mar ik haw ek tige fisuele gedichten, dy't mear mei it boartsjen fan taal te krijen hawwe," leit de jonge skriuwer út.

Oars as standert-Frysk

It Súdwesthoeksk is eigen foar him, it dialekt fan it súdwestlike part fan 'e provinsje. "Ik kom út Sint-Nyk en dêr wurdt it noch in soad sprutsen. Dit leit ek it tichtst by myn hert, dêrom wol ik it ek sa skriuwe. Yn it standert-Frysk is it bygelyks skoalle en fuorten, mar yn it Súdwesthoeks mear sköle en futten. Der sitte somtiden ek wolris wat Hollânske ynfloeden yn, bygelyks mei it wurd sich." Yn it Súdwesthoeksk gjin bwatskip mar bötskip, gjin doaske mar döske, gjin hûs mar hús.
Op de efterkant fan de bondel in gedicht oer syn namme:
hjirbij
dat ik as man
júst bekend wurd
as de frynd fan
as joël hut.
Harkje hjir nei in petear oer de bondel Börtersgrut