Fan moandei ôf iepenje ferskate bloedpriplokaasjes fan HAL Fryslân (fazearre) wer har doarren. Pasjinten kinne wer bloedprippe yn it Crystallic yn Ljouwert, Kleyenburg yn Frjentsjer, Sûnenssintrum Voorz.Org yn Kollum en MFC De Skâns op De Gordyk.
De eksakte startdata en iepeningstiden stean op de
webside fan Hal Fryslân. De kommende wiken folgje der mear lokaasjes yn Fryslân.
Pasjinten mei corona-relatearre klachten, lykas hoastje, prûste, koarts en/of benaudens, wurdt frege net del te kommen. Of as sy de ôfrûne twa wiken mei in coronapasjint yn oanrekking west ha. Ek wurdt pasjinten frege om, as it kin, allinnich te kommen.