Trije moannen fertraging foar bou nije Cambuurstadion: 'Verdomd vervelend'

De bou fan it nij te bouwen Cambuurstadion rint fertraging op. Dat skriuwt it kolleezje fan B en W oan de Ljouwerter gemeenteried. Yn july 2017 stimde deselde ried yn mei de komst fan it nije stadion dat yn desimber 2021 klear wêze moast. Dat wurdt no as alle partijen akkoart binne pas yn april 2022.
Trije moannen fertraging foar bou nije Cambuurstadion: 'Verdomd vervelend'
De fertraging komt trochdat der noch gjin akkoart is tusken SC Cambuur en Stadionontwikkeling Cambuur, de SOC, sa skriuwt it kolleezje oan de ried. Ek de finansiering is noch net folslein rûn. Tusken de klup en de SOC is noch gjin akkoart oer hoe't it nije stadion der no krekt út komt te sjen. De SOC bestiet út de projektûntwikkelder Wyckerveste en bougroep Dijkstra Draisma. Dy partijen ha noch krekt wat mear tiid nedich om de finansiering rûn te krijen.
Dêrtroch kin der noch gjin dúdlikheid komme oer hoe't it stadion en yn hokker tiid it krekt ôfmakke wurdt. Sa lang as dizze ûnwissigens der is sil der gjin grûn fan de gemeente oerdroegen wurde en sil de gemeente foarearst gjin nije ferplichtingen oangean foar it bouryp meitsje fan de iepenbiere romte.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

'Verdomd vervelend'

Cambuur-direkteur Gerald van den Belt seit de fertraging 'verdomd vervelend' te finen. "Ik had het liever anders gezien, maar het is niet anders." Van den Belt ferwachtet lykwols dat it by dizze trije moannen fertraging bliuwt en dat it stadion net noch letter oplevere wurdt. "Ik heb er vertrouwen in dat de plooien de komende periode kunnen gladstrijken. Er is iets meer tijd nodig."
Direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur oer de fertraging