Skrieze-ûndersiker fynt in hiel soad leechfretten nêsten

De skriezepiken begjinne dizze dagen út de aaien te krûpen. Mar de helte fan alle nêsten yn de greidefûgelgebieten om Idzegea hinne is leechfretten, foardat it safier is. Dat seit skrieze-ûndersiker Egbert van der Velde fan de Ryksuniversiteit Grins. In ferrassing is it lykwols net, want dit siet der oan te kommen nei it grutte tal mûzen yn it lân ferline jier. Dêrtroch is it tal rôfbisten bot tanommen.
Skrieze ûndersiker fynt in soad leechfretten nêsten
By de Fiskersbuorren en de Lange Hoek tusken De Gaastmar en Heech liket it sa min noch net, mar dat is dan ek it bêste gebiet as it om greidefûgels giet. Mar fierder is it in "nuver jier", seit de ûndersiker dy't net de measte hoop hat op in goeie ôfrin.
"De predatoaren sille ek wol in tal fan de piken meinimme en as dy piken wol grutter wurde wolle, moatte dy ek frette. En as sy al wat grutter binne, moatte der wjirms wêze. Mei de drûchte binne dy der hast net. It liket der ek net op dat der de kommende moanne noch wat wetter oan sit te kommen. Dit wurdt in ellindich jier, mar dat wie ek wol wat ferwachte", wêrmei't Van der Velde ferwiist nei de predaasjeweach nei it sterke mûzejier yn 2014.

Bestriding fan predaasje

Wat der yn de skriezekrite Idzegea bart, is ek net unyk. Fanút hiel Fryslân komme der meldingen en meastentiids wurde dy folge troch de oprop om de rôfbistestân koarter te hâlden. Mar Van der Velde twivelet dêr oer. "De wrâld is sa bot oan it feroarjen dat ik my ek wolris ôffreegje oft it werklik noch te kearen is. Je sjogge de stienmurd opkommen, de foks wie tsien jier lyn al in probleem oan it wurden en dy rint ek noch hieltiten om. En je sjogge ek de das hjoed-de-dei yn 'e greiden, wat eins ek in bist fan de sângrûnen is."
"Der feroaret safolle en ik wit net oft je der mei predaasjebestriding noch in ferskil yn meitsje kinne. Der wurdt fansels wol fan alles besocht. Sûnt in oantal jierren is der as eksperimint in stienmurde-ûntheffing, dy't op meardere plakken útfierd wurdt. It liket op himsels wol posityf út te pakken, mar ek dit jier hear ik út dy gebieten dat dêr de nêsten noch hieltiten leech fretten wurde. Je sjogge dat oare predatoaren it gewoan oernimme."
Undersiker Egbert van der Velde fan de Rijksuniversiteit Groningen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat wol net sizze dat der hielendal gjin oplossingen binne. En foar in sûne populaasje greidefûgels soe it gjin probleem wêze as der it iene jier minder jonge fûgels oerlibje as in oar jier; skriezen kinne bygelyks behoarlik âld wurde. Mar no't it al jierren min giet mei de greidefûgels, binne sy in stik kwetsberder.
Benammen foar de lange termyn pleitet Van der Velde foar gruttere, oaniensletten greidefûgelgebieten mei itselde behear, "wêrby't je alle knoppen de goeie kant útdraaie foar de greidefûgels". En dat is dan ynklusyf predaasjebestriding. Van der Velde: "Is dyn doel grutter en geane je foar werstel fan it bioferskaat yn it algemien, dan tink ik dat je op lânskipsskaal in hiel soad dingen feroarje moatte. Dan moast ek oan de knoppen fan de lânbou draaie, want dat binne de grutgrûnbesitters fan Nederlân."
Ien en oar ropt wol de fraach op oft Van der Velde it noch wol moai fynt syn fjildwurk te dwaan? Van der Velde: "Ik ha myn 'ups en downs'. En dat giet sa'n tweintich oant fyftich kear deis op en del. Ik haw in soad ferskillende gebieten en wy hawwe hjir krekt efkes yn in reservaat west. En hjir giet it op 't heden noch goed. Dus dêr helje ik myn enerzjy dan wei en dan fiel ik my wer efkes optein."
"Mar it kin best sa wêze dat ik op in oar momint op in oar plak kom dêr't in soad fretterij west hat of dêr't in soad meand wurdt. Dan giet dy 'up' wer efkes nei ûnderen. Mar oer it algemien fermeitsje ik my prima. Ik strún al fanôf de tiid dat ik in lyts jonkje wie yn de greiden om en dat doch ik noch hieltiten mei in soad wille."