Kollum-fuotballer is oanfierder by Nederlânsk dôve-alvetal

Gert-Jan Roelofsen fuotballet by Kollum, mar spilet ek foar it Nederlânske fuotbalalvetal. Hy is dêr oanfierder by it alvetal foar dôven. Dat team riedt him ta op de 'Deaflympics' yn Brazilië takom jier. Roelofsen koe troch corona lykwols in skoftke net mear traine, mar no binne de fjilden by VV Kollum wer iepen. "Het is heerlijk om weer op het veld te staan," seit er.
Kollum-fuotballer dôve

Fan Kollum nei Oranje

Gert-Jan Roelofsen is syn hiele libben al dôf, mar spilet wol yn it twadde fuotbalalvetal fan VV Kollum. Fuotbal is him alles en troch de coronakrisis hat hy it bot mist. Hy is yn tarieding foar syn wedstriden yn Oranje.
Hy traint yndividueel op it sportpark yn Kollum. Fuotbalje mei in beheining is dreech, mar hy makket der it bêste fan. "Met name de communicatie met de spelers is anders," seit Gert-Jan, wylst in dôvetolk syn wurden útleit. "We hebben een halfuur van tevoren al een voorbespreking met de trainer. We nemen de plannen door en hoe we gaan spelen. Tijdens de wedstrijd kunnen we vaak op momenten dat de bal uit is even contact hebben. Dat is wel fijn."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

EK fuotbal ôfsizze

Gert-Jan Roelofsen is tige bliid mei syn posysje yn it Nederlânske alvetal, dochs binne der ek grutte soargen. De KNDSB (Koninklijke Nederlandse Doven Sport Bond) falt net ûnder de KNVB en moat alles sels betelje. Der binne gjin sponsors en it jild hâldt net oer.
"We hebben zelfs al eens een deelname aan het EK moeten afzeggen," seit Raymond Lantinga, bûnscoach fan it alvetal. "Dat was in 2015 en dat willen we niet nog eens."
Lantinga besiket om sa folle as mooglik sponsors binnen te heljen, mar dat is dreech. "Straks hebben we de Deaflympics yn Brazilië en stel dat we daar weer niet heen kunnen. Dat zou verschrikkelijk zijn. Maar eerst moeten we ons kwalificeren, door twee wedstrijden tegen België en Duitsland."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Lichemstaal is wichtich

Foar dy twa wedstriden traint Gert-Jan no dus folop. Ron de Boer is as trainer fan Kollum belutsen by de ûntwikkeling fan de oanfierder. "Ik heb zelf ook eens een leider gehad die doof was, dus ik ben wel iets gewend," seit De Boer wylst hy it fjild fol pionnen leit. "Met een gezond stukje verstand en duidelijke gebaren kom je al heel ver."
Gert-Jan spilet lêste man en de trainer hat ek bot fertrouwen yn him. "Jongens met een beperking zegt niets over hun voetbalkwaliteiten. Gert-Jan is enorm enthousiast," ferfolget De Boer. "Ik zou willen dat de andere spelers uit het team ook zo enthousiast waren. Dan had ik een geweldige selectie gehad."
De kommende tiid traint Gert-Jan noch op it park by Kollum. Foar him is it te hoopjen dat de Deaflympics trochgeane en dat hy dêr de spiler fan it toernoai wurdt.