Organisaasje triënnale 2022 keallet swier troch coronafirus

Ek de legacy-organisaasje fan kulturele haadstêd hat bot lêst fan de coronakrisis. Se binne op it stuit drok dwaande mei it programma fan de triënnale: in miny-kulturele haadstêdjier dat om de trije jier hâlden wurdt. De earste stiet foar 2022 op 'e rol, mar de organisaasje hjirfan ferrint dreech.
LF2028 en Corona
"De minister heeft vorige week aangegeven dat er pas weer grote evenementen mogen plaatsvinden als er een vaccin is. Dat maakt het heel moeilijk om contracten aan te gaan en wij moeten deze zomer al beginnen met het afsluiten van de eerste contracten voor de triënnale", seit Sjoerd Bootsma, artistyk lieder fan de legacy-organisaasje LF2028.

Mooglik trochskood

Hy fynt it noch te betiid om te sizzen dat it jier trochskood wurde moat, mar slút neat út yn dizze ûnwisse tiden. In oar ûnderdiel fan de saneamde legacy is de festivalmoanne novimber. "We hebben iedereen gevraagd waar we mee samenwerken om goed na te denken over goede alternatieven die passen bij de 1,5 meter samenleving. Dat kan online zijn of iets anders."
De ferhalejûn yn Post-Plaza, Ljouwert © Alie Falkena
Sjoerd Bootsma fan LF2028
It startskot fan de festivalmoanne is de ferhalejûn. Der wurdt op it stuit hurd wurke oan in alternatyf plan. "We hawwe yn elts gefal it tema feroare fan wetter nei it firus. Ik tink dat minsken hiel graach harren ferhaal dwaan wolle want dit binne rûzige tiden wêryn't we fan alles meimeitsje,"seit Janneke de Haan. Ek wurdt sjoen oft de ferhalejûn digitaal holden wurde kin.
Janneke de Haan fan de Ferhalejûn
De hiele maatskippij wurdt bot troffen troch it coronafirus, ek de kulturele sektor. In sektor dy't yn Fryslân de lêste jierren in flinke boost krigen hat troch kulturele haadstêd. "Er is heel veel opgebouwd en er valt een deel in een keer weg en dat is eeuwig zonde", fynt Bootsma.
Mar hy sjocht ek kânsen. "Je ziet een regionalisering van de kunsten, want mensen gaan minder reizen. Dit is iets wat we met culturele hoofdstad heel goed hebben ontwikkeld. Er zijn producties gemaakt die echt van hier zijn en hier passen."
Sjoerd Bootsma fan LF2028
© Omrop Fryslân
Teätermakster Janneke de Haan sjocht ek kânsen. "We moatte de skouboargen út en de natuer yn mei lokaasjeteäter en teätrale kuiers en we moatte oare sektoaren opsykje sa as de soarch. Ik tink dat der moaie projekten mooglik binne tusken keunstners en soarchynstellingen."
Teätermakster Janneke de Haan