Omrop TIP: jongerein en âlderein ûndersykje inoars libben yn ‘Belibje myn dei’

De wrâlden fan jongerein en âlderein kinne net fierder útinoar lizze as op dit momint. Yn it nije programma 'Belibje myn dei' belibje twa jongeren en twa âlderen inoars dei. Is der foar âlderen in soad feroare sûnt sy jong wienen? En sjocht de jongerein oars tsjin it pensjoen oan nei't sy in dei meirûn hawwe? De nije minysearje 'Belibje myn dei' is makke troch studinten kommunikaasje fan hegeskoalle NHL Stenden en is fan tiisdei ôf te sjen by Omrop Fryslân.
© Omrop Fryslân
Yn de earste ôflevering folget de krekt pensjonearre Ritsko van Vliet it middelbereskoalfamke Sophia Lautenbach. "Wat bysûnder om in dei út it libben Sophia mei te meitsjen", seit Van Vliet. "Fan moarns oant jûns mei yn it dwaan en litten fan in puber, dy kâns krigest net sa gau."
De dei begjint op skoalle. Is dat foar Van Vliet noch werkenber of is it folslein feroare? "Sy docht no middelber ûnderwiis, dat wie foar my 52 jier lyn. Wat fansels opfalt is dat sy alles online docht. Op har skoalle, Comenius @Forum, giet alles mei de laptop. Ik kom noch út de skoaltiid mei de kroantsjepinne. Ik hie in notysjeblok by my, dy haw ik mar yn 'e tas hâlden."

Noch in ferrassing

Nei in drege skoaldei hat Sophia noch in ûnferwachte ferrassing foar Van Vliet op it programma stean. "Dy sil ik no mar net priisjaan, mar ik moast sportklean meinimme. Dat tinkst oan turnjen, hockey of in oare sport. Mar dat waard hiel wat oars. De ôfsluting by har thús fûn ik ek hiel bysûnder. Noch wat fan har famyljelibben meimeitsje. Ik soe sa wer ris in dei meirinne wolle. Moai libben, noch sa ûnbefongen."
'Belibje myn dei' is de kommende wiken tiisdeis om 17.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.