Boskwachter fynt earste smaragdlibel op It Amelân

Steatsboskbehear hat foar it earst in smaragdlibel oantroffen op de Fryske Waadeilannen. Boskwachter Robert Pater hat woansdeitemoarn de libel fûn by in wetterplasse oan de Ferbiningswei op It Amelân.
It is foar it earst dat de smaragdlibel op It Amelân sjoen is. De libel is net perfoarst seldsum en wurdt it meast yn it súdeasten fan Fryslân sjoen, mar komt hast net foar yn it noardwesten. Dat jildt al foar it fêstelân. Dêrom is de waarnimming op it eilân bysûnder.
Boskwachter Pater is bliid mei syn fynst: "Mijn libellenseizoen kan niet beter beginnen", sa skriuwt er. Hy fûn it ynsekt by de BP-plas, dy't neamd is nei BP (British Petroleum) dy't yn de jierren 60 in opslachplak op dizze lokaasje hie.