Undersyk nei memmemolke as mooglik middel tsjin corona

Memmemolke yn de striid tsjin corona is in serieuze opsje. Dêr wurdt no ûndersyk nei dien yn it Amsterdam UMC, want de molke fan froulju dy't corona trochstien hawwe, koe wolris wurkje as in soarte fan natuerlike beskerming omdat der antystoffen yn sitte.
© ANP
Dokter-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker, Izore Ljouwert
Dokter-microbiolooch Anne-Marie van Elsacker wit net oft soks wolris earder ûndersocht is. Yn memmemolke sitte antystoffen tsjin firussen en baktearjes dy't lytse poppen beskermje. Omdat de molke dronken wurdt, gean de antystoffen it mage-term-kanaal yn en wurde dêr yn it lichem opnaam. It binne oare antystoffen as dy't yn it bloed sitte. De fraach is oft antystoffen dy't in lytse poppe beskermje ek folwoeksenen helpe kinne, bygelyks yn konsintrearre foarm.
Foar it ûndersyk wurde tritich froulju socht dy't corona hân hawwe en dy't boarstjouwe. Sy moatte ree wêze de molketastream op gong te hâlden foar de wittenskip. Dy froulju te finen sil noch net sa maklik wêze, seit Van Elsacker. Mar alles wat bydrage kin yn de striid tsjin it coronafirus is wolkom. As it net op grutte skaal tapast wurde kin en wol foar in beheinde doelgroep, is dat ek winst.