Keatsbûn hâldt fêst oan 20 juny: dan moat it haadklasse-seizoen úteinsette

It keatsbûn KNKB hâldt noch fêst oan de datum fan 20 juny. Op dy datum wol de KNKB it keatsseizoen foar haadklassers begjinne. It giet dan om keatspartijen dy't net ûnder de fergunningsplicht falle. As der allinnich in keatspartij organisearre wurdt, dan is dat it gefal. Wurdt it keatsen kombinearre mei oare aktiviteiten, lykas in merke en in feesttinte, dan is de fergunningsplicht der wol en dan mei der yn alle gefallen oant 1 septimber net keatst wurde.
It keatsbûn KNKB (Koninklijke Nederlandse Kaatsbond) © KNKB | Wikimedia Commons
Lykas bekend hat de PC besletten it sportevenemint fêst te stellen op de fiide woansdei fan septimber, de 30e. As der dan noch hieltyd gjin publyk komme mei, dan sjocht de PC ôf fan de organisaasje. De Freulepartij is noch oan it oerlizzen. De organisearjende stichting sil om 13 maaie hinne mei mear nijs nei bûten komme. De Freulepartij stiet yn prinsipe net ôfwizend tsjinoer it keatsen sûnder publyk. En dat soe betsjutte kinne dat de normale fan datum foar de Freulepartij (woansdei 5 augustus) stean bliuwe kin.

Bitgum

Keatsferiening OKK stiet mei de Bitgumer keatsdagen yn de aginda yn it wykein fan 22 en 23 augustus. Neffens OKK foarsitter Jacob Wietse Dijkstra sil der yn Bitgum net keatst wurde sûnder taskôgers. Dijkstra: "Sûnder publyk is it net te dwaan. Wy bestean dit jier 125 jier en der soe hjir yn Bitgum wer keatst wurde om hynders. Dan moat der fansels wol in smite publyk by kinne. As dat yn septimber wol mei, dan steane wy der foar iepen om ús keatsdagen yn septimber te hâlden. En oars skowe wy de hiele boel in jier op en dan pakke wy takom jier út".

KNKB

Der binne by de KNKB al mear fersiken binnenkaam om in haadklasse keatspartij yn septimber te organisearjen. Mar foarearst giet de KNKB dus út fan in start fan it seizoen op 20 juny. Dat sil dan foar sawol de manlju as de froulju-haadklassers in trochinoar-lotterspartij wurde yn Balk. Keatsferiening Cannegieter mei dit jier foar it earst in har skiednis in haadklassepartij organisearje yn ferbân mei it 60-jierrich bestean.
Foar de jongerein besiket de KNKB it seizoen yn fazen op te starten. Mar alles hinget ek wer ôf fan de maatregels dy't it regear op 11 maaie bekend meitsje sil.
Marco Hoekstra, foarsitter fan it keatsbûn