Friezen lykje iepen te stean foar enerzytransysje

Minsken yn Fryslân binne posityf oer enerzytransysje. Dat is de earste konklúzje fan de resultaten fan in enkête dy't heart by de kampanje oer de Regionale Energie Strategie (RES) Fryslân. Dy begûn twa wike lyn en rint noch in wike troch.
© Omrop Fryslân
Fia in online fragenlist wolle de partijen dy't belutsen binne by de RES útsykje hoe't ynwenners fan Fryslân tinke oer bygelyks de saneamde skjinne enerzjy. Sa'n twatûzen minsken ha oant no ta antwurden jûn op fragen hjiroer.
It docht bliken dat de measte minsken graach belutsen wurde wolle by plannen foar dy skjinne enerzjy in ús provinsje. De helte fan de respondenten seit him soargen te meitsjen oer it klimaat. Eltsenien kin de enkête noch oant 3 maaie ynfulle fia dizze webside.
De útkomsten fan de enkête sille meinaam wurde by it meitsjen fan de Fryske regionale enerzjystrategy foar de takomst. Dy sil beskriuwe hoefolle elektrisiteit Fryslân yn 2030 opwekt út wyn- en sinne-enerzjy.
Fryslân is ien fan de 30 saneamde energieregio's yn ús lan. Provinsje Fryslân, de achttjin Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en netbehearder Liander wurkje gear oan de Regionale Energie Strategie. Dêr wurdt yn fêstlein hokker enerzjy opwekt wurdt, wat der op de planning stiet en ek de kânsen foar it sûnder ierdgas ferwaarmjen fan Fryske huzen.