Boeren en miljeugroepen net tefreden mei stikstofplannen kabinet

It kabinet lûkt de kommende tsien jier definityf 5 miljoen euro út foar de oanpak fan de stikstofproblematyk. Dat seit de NOS. Belutsen organisaasjes jouwe mingde reaksjes op it nijs.
De Alde Feanen by Earnewâld © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Boerebelange-organisaasje LTO is it net iens mei hoe't it jild ferdield wurdt. It grutste part fan it jild, alle jierren 300 miljoen euro, giet nei it opknappen en it fersterkjen fan de kwetsbere natuer yn de Natura 2000-gebieten. Dêrnjonken giet der alle jierren 200 miljoen euro nei maatregels dy't bedriuwen helpe moatte om de delslach fan stikstof yn miljeugebieten te ferminderjen.

LTO: te min jild nei agraryske sektor

De LTO fynt dat it kabinet dêrmei te min yn de takomst fan de agraryske sektor ynvestearret. Se wize derop dat boeren dy't de útstjit fan stikstof besykje te ferleegjen troch kij oar iten te jaan en dong te fertinjen, finansjeel net genôch holpen wurde.
Ek it bedrach dat nei it ferduorsumjen fan de stâlen giet, 280 miljoen euro, fynt de LTO net genôch. Se sizze dat it jild benammen giet nei natuerferbettering en it opkeapjen fan bedriuwen. Aksjegroep Farmers Defence Force lit witte dat se efter de reaksje fan de LTO steane. Beide partijen tinke nei oer juridyske stappen.

Miljeugroepen: kabinet docht net genôch

Miljeugroepen binne ek kritysk. In protte organisaasjes fine dat de stikstofútstjit mei de plannen net genôch werombrocht wurdt. It kabinet wol dat de stikstofdelslach yn 2030 yn de helte fan de 161 Natura 2000-gebieten ûnder de krityske wearde leit. Boppe dy wearde hat de stikstof negative gefolgen foar de natuer.
Under oare Milieudefensie, Greenpeace en Vogelbescherming Nederland skriuwe dat de maatregels net strang genôch binne en dat as gefolch dêrfan "de natuur achteruit blijft gaan".
Natuur & Milieu, Natuurmonumenten en LandschappenNL binne tefreden met de ynvestearrings om't it kabinet sjen lit "natuurherstel serieus te nemen". Mar se binne it net iens mei de oanpak. De organisaasjes fine it net akseptabel dat yn de helte fan de natuergebieten noch hieltyd te folle stikstof útstjitten wurdt.

Planten en ynsekten ferdwûn troch stikstof

Troch al it stikstof yn de loft is de biodiversiteit yn Nederlân de ôfrûne jierren bot weromrûn. Kwetsbere planten en ynsektesoarten binne dêrtroch ferdwûn. Nederlân stiet in stik minder stikstof út as 30 jier lyn, mar noch wol mear as alle oare Europeeske lannen. 41% fan de stikstofdelslach yn natuergebieten dy't dêr gefoelich foar binne, komt út de lânbou.