PODCAST: 'Modderkoekjes'

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze fjirtjinde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'Modderkoekjes'.

Utstjoering 14: Modderkoekjes

Alde Hinke past op Kees en Jetty. De twa bern fine dat hielendal neat, want âlde Hinke liket wol wat op in hekse. Hinke seit dat se wit hoe't se der foar soargje kinne dat Kees net mear narre wurdt: se moatte modderkoekjes meitsje. De koekjes moatte lykje op de pestkoppen en der moat ek wat fan dy bern sels yn: in hier, in neil of wat bloed. Al gau komme Kees en Jetty derachter wat de bedoeling is fan âlde Hinke...
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify.
Sjoch foar mear ynformaasje en alle oare ôfleveringen fan Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.