OERSJOCH: Wa yn dyn gemeente hat in lintsje krigen?

Troch hiel Fryslân wurde freed lintsjes útrikt oan minsken dy't wat bysûnders dien of betsjut ha foar de mienskip. Der wurde dit jier 84 Friezen keninklik ûnderskieden, mear as ferline jier want doe wiene it der 72. Fanwege de coronacrisis gie it útrikken krekt efkes wat oars as oare jierren. De boargemasters ha de minsken belle en letter dit jier komt der noch in feestlike útrikking om it te fieren. Benijd wa't yn dyn gemeente in lintsje krigen hat? Sjoch dan yn it oersjoch hjirûnder.
© ANP

Achtkarspelen

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Janke Sijtske Jouwstra-Bos (75) út Twizelerheide
Jouwstra-Bos helpt in soad minsken mei stofsûgjen, boadskippen dwaan of foar de bern soargje. Se hat in soad frijwilligerswurk dien en dat docht se no noch by de tsjerke yn Twizelerheide en De Westereen en basisskoalle De Reinbôge yn Twizelerheide. Se is aktyf by de Christelijke Bond voor Plattelandsvrouwen en by de Stichting Zendingsfeesten yn Feankleaster.
Antje de Vries-Oosterhof (77) út Koatstertille
De Vries-Oosterhof is al jierren frijwilliger by ferskate organisaasjes út de regio, sa is se bestjoerslid by de toanielferiening Doarpsnocht, hat se foar de judoferiening fan Koatstertille in hiel soad dien en is se sûnt 1979 EHBO-lid en jout se EHBO-les op basisskoallen en docht se de koördinaasje fan oare frijwilligers op eveneminten.
Freerk Cornelis Windstra (67) út Surhústerfean
Windstra is mei-oprjochter fan de basketbalferiening yn Surhústerfean, hat him as frijwilliger by de nijjierskommisje fan Surhústerfean ynset en hat yn syn rol by Pleatslik Belang in hiel soad dien as foarsitter. Yn 2010 rjochte hy de website www.surhuisterveen.net op om de ienigens yn it doarp te befoarderjen en dizze side beheart hy noch altyd.
Andries Jan Nieuwenhuis (72) út Surhústerfean
Nieuwenhuis hat jierren frijwilliger west yn de hurdfytssport en hat fyftjin jier lang de redaksje fan it klupblêd foar syn rekken naam. Sawol regionaal as nasjonaal hat hy as sjuerylid en mikrofoanist dwaande west by wedstriden. Hy hat him fjirtich jier ynset foar de hurdfytsrondes yn it doarp en hy is mei-ferantwurdlik foar it tsjerkeblêd fan de Protestantse Gemeente Surhuisterveen-Boelenslaan.
Engbert Minne Nieuwenhuis (70) út Surhústerfean
Nieuwenhuis hat krekt as syn broer Andries Jan ek bestjoerlik aktyf west yn de hurdfytserij. Hy rekke fral as hurdfytser bekend en helle dêrmei meardere medaljes. Hy wie sjuerylid by wedstriden en mei-oprjochter fan de toerfytsklup. Hy hat oanset jûn foar de aksje 'Op de fyts' om jild te sammeljen foar helpprojekten yn Bangladesj en hy hat sechtjin jier lang diaken west foar de Protestantse Gemeente Surhuisterveen-Boelenslaan.
Harmen Scheepsma (84) út Surhuzum
Scheepsma is sûnt 1988 belutsen by it doarpsblêd en dêrmei ek it langst aktyf fan alle frijwilligers. Hy wurket as redaksjelid en as besoarger en distributeur fan de 475 eksimplaren. Hy wie foarsitter fan it skoalbestjoer fan de Johannes Looijenga-skoalle en hat trije perioaden sitting hân yn de 'kommisje fan behear' fan de Pypketsjerke.

Dantumadiel

Gemeente Dantumadiel dielt dit jier gjin lintsjes út.

De Fryske Marren

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Hielke Veenstra (72) út Aldehaske
Veenstra wie foarsitter fan de basisskoalle yn Aldehaske en is frijwilliger by de útfeartferieningen yn Aldehaske en op It Hearrenfean. Hy is aktyf as frijwilliger en bestjoerslid by de tsjerke en is frijwilliger by de doarpskrante.
Henk Waterlander (68) út Sint-Nyk
Waterlander wie frijwilliger by it 4 maaie komitee yn Sint-Nyk en wie bestjoerslid/ponghâlder fan it Pleatslik Belang. Oant de dei fan hjoed is hy frijwilliger by de Bond Friese Vogelwachten en as frijwilliger en bestjoerslid by de buertferiening yn Sint-Nyk.
Ids Wijnja (74) út Skarsterbrêge
Wijna is aktyf as frijwilliger by de tennisferiening op De Jouwer. Troch syn ynspanningen is it park moai en goed ûnderhâlden. Hy is lid fan de parkkommisje en hat de soarch foar it ûnderhâld fan it klupgebou en de technyske saken. Dêrneist hat hy him ynset foar de renovaasje fan de kantine en it meubilêr.
Sabe Kracht (73) fan De Jouwer
Kracht wie aktyf as koördinator en letter ek betsjoerslid fan de Stichting OWG (OnderwijsWerkGroep). Hy wie bestjoerslid en foarsitter fan ferskate ferieningen wêrûnder de follybalferiening, de Oranjeferiening, it doarpsbelang en de doarpskrante. Hy is oant de dei fan hjoed aktyf as sekretaris fan in stúdzjefûns en as skriba fan de tsjerke op De Jouwer.
Jan Troost (70) út Wikel
Troost wie as frijwilliger wurksum by ferskate organisaasjes, sa as it basketbalbûn yn Den Haag, it Reade Krús Sikehûs yn Den Haag en de tsjerke yn Alphen a/d Rijn. Hy wie ponghâlder fan it CDA Gaasterlân-Sleat en siet yn it deistich bestjoer fan CDA Fryslân. Hy wie ponghâlder fan De Tsjerkesjongers en is foarsitter fan de tsjerkeried yn Wikel.
Tiny de Boer-Rottiné (69) út Balk
De Boer-Rottiné wie aktyf as frijwilliger by de Zendingsorganisatie Operatie Mobilisatie en by de Zondagsschool van de Baptistengemeente yn Lemmer. Se wie foarsitter fan it Reade Krús, ôfdieling Gaasterlân-Sleat en gemeenteriedslid by de âlde gemeente Gaasterlân-Sleat. Se wie bestjoerslid fan de Reumapatiëntenvereniging Súdwest-Fryslân en is no frijwilliger by it fersoargingstehûs Talma Hiem yn Balk.
Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau
Ben Hogeterp (72) fan De Jouwer
Hogeterp wie frijwilliger by de tsjerke yn Dronryp en foarsitter fan it Rypster Tsjerkekoar en it Vocaal Ensemble Cantatiblé Langwar. Hy wie inisjator, oprjochter en foarsitter fan de Stichting Joure - Laranjal do Jari. Oant de dei fan hjoed is hy frijwilliger by de tsjerke op De Jouwer en sekretaris fan it manljuskoar.
Fulco Stallman (55) út Sint-Nyk
Stallman wie inisjatyfnimmer en organisator fan in squashtoernoai yn Baarn en in golftoernoai yn Sint-Nyk. Hy wie lid fan it haadbestjoer fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW, frijwilliger by de basisskoalle yn it doarp en mei-oprjochter, ponghâlder en foarsitter fan de Stichting Water Voor Masa. Hy is al sûnt lange tiid aktyf as reserve-offisier by it Commando Landstrijdkrachten.
Lid yn de offisier fan Oranje-Nassau:
Jan Vermaning (58) fan De Jouwer
Vermaning wie aktyf as foarsitter fan in sportferiening op It Hearrenfean en as trainer en begelieder by V.V. Oudehaske. Hy wie inisjator, foarmjouwer en útfierend musikus foar it projekt 'Er reed een trein naar Sobibor' dêr't hy de Rachel Borzykowskipinning foar krige. Oant de dei fan hjoed is hy trompettist by it Noord Nederlands Orkest en is hy frijwilliger by de betinking fan gemeente De Fryske Marren fan de Stichting Nationale Herdenking.

Eaststellingwerf

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Wiecher Nekeman (77) út Easterwâlde
Nekeman wie lid fan de frijwillige brânwacht, bestjoerslid, hierderfertsjintwurdiger en lid fan de ried fan kommissarissen by Wooncorporatie Actium. Sûnt 2006 is hy mei-oprjochter en frijwilliger fan de Voedselbank fan Eaststellingwerf.
Alfred de Vos (67) út Easterwâlde
De Vos wie ôfdielingssekretaris by FNV Houtbond, oplieder fan weimarkearring, presintator en regisseur fan Lokale Omroep Odrie en bestjoerslid en trainer by Loopsportvereniging Invictus. De Vos is al jierren foarsitter fan in shantykoar, frijwilliger en sjauffeur by St. Olmen yn Appelskea en is no sûnt twa jier útfeartmeiwurker.
Hinke Kleiker-Wolters (66) út Easterwâlde
Kleiker-Wolters is sûnt 1996 koördinator en kontaktpersoan by St. Spierziekten Nederland, regio Noarden. In jier letter waard se lid fan wurkgroep Toegankelijkheid Ooststellingwerf en sûnt 2007 is sy organisator fan de kollekte fan it Prinses Beatrix Spierfonds.

Flylân

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Cornelis de Jong (54) fan Flylân
De Jong is al sûnt 1989 frijwilliger by de KNRM.
Dirk de Zeeuw (57) fan Flylân
De Zeeuw is al sûnt 1989 frijwilliger by de KNRM.
Willy van der Heide-Marks (70) fan Flylân
Van der Heide-Marks is frijwilliger by ferskate organisaasjes op it eilân. Sa is sy frijwilliger by it fersoargingstehûs, by de begraffenisferiening, it besikerssintrum De Noordwester, by it Reade Krús, EHBO en as ambulânsesjauffeur. Dêrneist is se bestjoerslid fan de Senioren Vereniging Vlieland.

Harns

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Johannes Antonius Burkels (72) út Harns
Burkels is bestjoerslid fan it Centraal Comité 1945, ponghâlder, bestjoerslid en aktyf stedsgids fan Stadsgidsenteam Harns, hy is foarsitter fan in tennisferiening en koördinator fan jongereinteams en it ûnderhâld fan de akkommodaasje. Dêrneist is hy noch amtner by de Boargerlike Stân.
Christiaan Hepco Elsinga (58) út Harns
Elsinga is sekretaris fan in skoutingfûns, hy wie bestjoerslid en pr-funksjonaris fan Cultuur Historische Vereniging Oud Harlingen, dêr't hy no noch altyd adviseur is. Hy is bestjoerslid by de Stichting InzeT en wie lid fan de projektgroep Struikelstenen.
Willem Visser (67) út Harns
Visser is bestjoerslid fan it Centraal Comité 1945 en sûnt 2017 ek ponghâlder. Hy is lid fan Stadsgidsenteam Harns dêr't hy trije jier foarsitter west hat en no ek aktyf stedsgids. Hy is foarsitter fan in sjonggroep en sjongt sels ek mei oan Waadwyn en hy is lid fan de boukommisje Oud Harlingen.

Amelân

Gemeente Amelân dielt dit jier gjin lintsjes út.

Hearrenfean

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Andreas Nicolaas Bakker (57) út Terbant
Bakker is njoggentjin jier foarsitter fan in dûns- en muzykensemble, is alve jier foarsitter fan it doarpshûs en njoggen jier foarsitter en sekretaris fan de fûgelwacht.
Trijntje Tineke Bleeker (66) fan It Hearrenfean
Bleeker is al jierren aktyf by ferskate tsjerken út de regio. Se is gastfrou, deken, lektor en bestjoerslid by de Protestantse Wijkgemeente Trinitas, sekretaris by de kommisje tsjerkekonserten Hearrenfean, gastfrou fan de kommisje De Kapelle en mei-organisator fan Pylgertochten Tsjerkepaed. Dêrneist is se al acht jier begeliedster fan persoanen yn in rolstoel by de Avondvierdaagse en is se al seis jier gastfrou en publyksbegelieder by Tryater.
It echtpear Hendrik van Dalfsen (79) en Klaasje van Dalfsen-Hoekstra (78) fan It Hearrenfean
Hear Van Dalfsen wie 22 jier bestjoerslid fan in manljuskoar, 18 jier sjauffeur en sekretaris/foarsitter fan de Kliïnteried Anna Schotanus en hy wie 9 jier sekretaris fan in tsjerke op It Hearrenfean. Dêrneist is hy no al tritich jier skriba by de tsjerkeried fan it Hearrenfean en seis jier ôffurdige yn de lanlike lederied fan KBO-PCOB.
Frou Van Dalfsen-Hoekstra is al 36 jier frijwilliger by Meriant yn wensoarchsintrum Anna Schotanus.
Jan de Jager (64) fan De Knipe
De Jager wie 15 jier skiedsrjochter en beoardieler by de Koninklijke Nederlandse Korfbal Bond en tsien jier bestjoerslid fan in basisskoalle yn De Knipe. De Jager is no al 36 jier wedstriidsekretaris en foarsitter fan in kuorbalferiening.
Froukje Nijholt-de Haan (67) fan It Hearrenfean
Nijholt-de Haan hat njoggen jier mei-organisator west fan it Multiculti Festival en is no al jierren foarsitter fan de stichting Vrouwenkamer en sekretaris fan de Stichting Studenten- en Musaharproject Nepal.
Anne Offereins (77) út Akkrum
Offereins hat njoggentjin jier frijwilliger west by de Stichting Nederlandse Vrijwilligers in Gambia.
Tjalling de Vries (72) út Nijhoarne
De Vries hat goed fjirtich jier foarsitter west fan de iisklup fan Ald- en Nijhoarne en kommisjelid en frijwilliger technyk by it Flaeijelfeest. Dêrneist hat De Vries ek tolve jier lid west fan de ûnderhâldsploech fan it sportterrein fan UDIROS yn Nijhoarne.
Tjitze Wallendal (67) út Oranjewâld
Wallendal is seis jier foarsitter fan de Stichting Faderpaard en hat ek sechtjin jier ferskate funksjes hân by de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond.
Theodoor Wierda (70) fan It Hearrenfean
Wierda hat mear as fjirtich jier frijwilliger west by Talant, is dêrneist al njoggentjin jier gasthear by it oanrinhûs op It Hearrenfean, is tien jier frijwilliger by Kerkenwerk en set him al fjouwer jier yn foar de Voedselbank op It Hearrenfean.

Ljouwert

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Anne Sjoerd Bakker (53) út Ljouwert
Sûnt lange tiid is Bakker as frijwilliger belutsen by de administraasje fan Stichting Cultuur Centrum. Bakker is lid en sekretaris fan it Nederlands Bijbelgenootschap yn Ljouwert en út dizze funksje wei belutsen by noch in hiel soad oare aktiviteiten. Hy is ko-presintator by Omroeporganisatie LEO Middelsé en kollektant foar Jantje Beton.
Jacob de Vries (63) út Reduzum
De Vries hat jierren aktyf as frijwilliger west yn de funksje as ponghâlder by ferskate organisaasjes, werûnder by de doarpsfeestkommisje yn Reduzum, Friens en Idaerd en in kulturele kommisje fan Pleatslik Belang. Yn 2018 hat er in wichtige rol spile yn de produksje fan Oeds fan Fierwei, in ûnderdiel fan it Under de Toer-programma yn it ramt fan LF2018. Hy is foarsitter fan Uitvaartvereniging De Laatste Eer.
Anton Doele (73) út Ljouwert
Doele waard op jonge leeftiid frijwilliger foar jongerein by de tsjerke. Hy wie sekretaris en muzykant fan it Kurios Kombo, wie aktyf by it fakbûn foar de Piano en Orgelbranche en siet yn it bestjoer fan ferskate wykferieningen. Dêrneist wie hy foarsitter fan de Stichting Leefbaarheid Camminghaburen, sekretaris fan it wykpanel Camminghaburen en interim-bestjoerslid Beheerstichting Camminghaburen.
Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau
Aesger Stienstra (71) út Alde Leie
Stienstra wurket al 47 jier by doarpskrante De Pet en hy hat meiholpen by it organisearjen fan ferskate grutte eveneminten yn Alde Leie. Mei syn kennis en ûnderfining as arsjitekt en boukundich tekener hat hy meardere kearen syn ynset toand foar ferskate bouprojekten. Dêrneist is hy ien fan de driuwende krêften efter it genoatskip Nederland/Israël.
Jan Waterlander (70) út Ljouwert
Waterlander hat yn 2019 ek in keninklike ûnderskieding krige foar syn aktiviteiten as gemeenteriedslid yn de âlde gemeente Littenseradiel en as steatelid fan Provinsje Fryslân. Hy hat ferskate bestjoersfunksjes hân foar 50PLUS en foarsittersfunksjes foar sportrelatearre organisaasjes, as de Nederlandse Badminton Bond en Sport Fryslân.

Noardeast-Fryslân

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Anneke Hellingwerf-Douma (69) út Dokkum
Hellingwerf-Douma kriget in ûnderskieding foar har jierrenlange ynset as frijwilliger op ferskate gebieten. Sa wie se frijwilliger by Muziekvereniging Oranje, gie sy 15 jier lang alle wiken mei bewenners fan Dongeraheem te kuierjen en helpt se mei mei it organisearjen fan aktiviteiten yn Dongeraheem. Sûnt 1990 is sy frijwilliger by de tsjerke yn Dokkum dêr't se gastfrou is en besoarget se ûnder oare it tsjerkeblêd.
Hiltje Merkus-van der Wal (86) út Kollum
Merkus-van der Wal is al sûnt 1978 helpkoster by de Maartenstsjerke yn Kollum en frijwilliger by soarchsintrum Mechemastate yn Kollum.
Andreas Schelfhout (80) út Aldwâld
Schelfhout is sûnt 2004 frijwillig ûnderstiper fan eksposysjes, jout lêzingen en docht ûndersyk foar de Schelfhout Documentatie Stichting. Hy is aktyf by it keunsthistoarysk promoasje-ûndersyk fan Lisette Almering-Strik en leveret dêr in wichtige bydrage oan.
Gerben Teitsma (70) út Moarre
Teitsma hat by in soad organisaasjes aktyf west as frijwilliger. Hy wie ponghâlder en foarsitter fan Doarpsbelang en hat ferskate funksjes binnen de tsjerke ferfolle. Ek wie hy foarsitter fan de behearkommisje fan it doarpshûs.
Trienke de Vries-Bakker (72) út Kollum
De Vries-Bakker is yn 1977 begûn mei frijwilligerswurk, by de basisskoalle yn Aldwâld. Se sammele klean foar earme famyljes, koördinearre de kollekte fan de Nederlandse Brandwondenstichting yn Aldwâld, Westergeast en De Triemen en rûn sels ek mei de kollektebus. Frou De Vries-Bakker hat trije jier aktyf west as swimfrijwilliger by Talant, dêr't se alle wiken mei handicapte bewenners fan Talant te swimmen gie.

Opsterlân

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Frank van Campen (65) fan De Gordyk
Van Campen is sûnt 2016 ûnôfhinklike foarsitter fan Ondernemers Fonds Gorredijk en yn 2006 rjochte hy de stichting Campvuur op, in ANBI-stichting om waarmte te jaan oan de kânsearme bern yn Ukunda yn Kenia. Dêr is hy noch altyd ponghâlder en sekretaris fan.
Hotze Jelsma (66) út Oerterp
Jelsma wie in soad dwaande mei muzyk. Hy wie learling en frijwillig komponist fan it Brouwers Accordeonorkest, hat jierren dosint west by de Meldij yn Drachten en wie dêr ek as frijwilliger aktyf om de stichting te promoatsjen, en hat inisjatyfnimmer en organisator west fan it jierlikse evenemint Peijedei yn Drachten.
Pieter Varwijk (73) út Oerterp
Varwijk hâldt wol fan hurdfytsen, hy hat jierrenlang belutsen west by de organisaasje fan de hurdfytsronde yn Oerterp. Hy hat algemien bestjoerslid west fan in útfeartferiening en begelieder fan in kuorbalferiening. Varwijk hat as frijwilliger belutsen west by Oerrock, achter de bar en letter as organisator fan de backstage befeiliging.
Wietze Wagenaar (82) út Oerterp
Wagenaar hat eartiids in soad foar de tsjerke yn Oerterp dien. Hy wie ferantwurdlik foar de ôfdieling bousaken en wie lid en sekretaris fan de sindingskommisje en it wykteam. Dêrneist besocht hy de pensionearren of harren widdo as frijwilliger by Vereniging Gepensioneerden Acardis.
Willemijn Kleindorst-Van der Schulp (74) út Lippenhuzen
Kleindorst-Van der Schulp is de organisator fan de kollekte fan it Diabetes Fonds yn Lippenhuzen, is as frijwilliger wurksum yn de soarch, begeliedings- en ûnderstipingstaken en as fûnswerver by de Ronald McDonald Hoeve. Dêrneist is se ferpleechkundige foar in stichting en begeliedt se dêr jongerein mei in beheining op wintersportfakânsje.
Jan Grupstra (57) út Beetstersweach
Grupstra is al sûnt 1990 lid fan de frijwillige brânwacht yn Beetstersweach.

Skiermûntseach

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Hilbert de Vries (71) fan Skiermûntseach
De Vries is mei-oprjochter en frijwilliger fan Cultuur Historisch Vereniging, lid fan de Culturele Commissie Schiermonnikoog, aktyf by in begraffenisferiening, lid fan in muzykfestival en frijwilliger yn flechtlingewurk.

Skylge

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Lea Ruijg-Attema (82) út West-Skylge
Ruijg-Attema hat jierrenlang aktyf west as frijwilliger op ferskate gebieten yn tsjerke of de soarch en stiet altyd klear foar oare minsken. Sy wurdt sjoen as de 'smaroalje' yn organisaasjes.

Smellingerlân

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Elly Barendsen-Heuzeveldt (75) út Drachten
Barendsen-Heuzeveldt is as ponghâlder en foarsitter frijwilliger by Vluchtelingenwerk Smallingerland en is dêrneist ek noch frijwilliger yn de gemeente wêrby't se helpt mei de kandidaatstellingsproseduere.
Aaltje Haitsma-Westerlaan (74) út Drachten
Haitsma-Westerlaan is frijwilliger by de kuorbalferiening fan Drachten op de ôfdieling jongereinkommisje, pr en kommunikaasje. Sy is bestjoerslid, foarsitter en ponghâlder fan it Sportgala yn Smellingerlân en as frijwilliger wurksum by Vluchtelingenwerk Smallingerland.
Gerrit Jan van Binsbergen (81) út Drachten
Van Binsbergen wie as frijwilliger wurksum by de Nederlandse Volleybalbond, Regio Noord dêr't hy skiedsrjochter wie en begelieder fan nije skiedsrjochters. Hy wie foarsitter en sekretaris fan de Cliëntenraad Smallingerland en frijwilliger by de hockeyklup yn Drachten dêr't hy ek skiedsrjochter wie.
Gjalt Lindeboom (77) fan De Houtigehage
Lindeboom wie bestjoerslid by de modelfleanferiening Aero Club yn Drachten. Hy is ek frijwilliger by de Vliegclub Fryslân dêr't hy wurket as ynstrukteur, havenmaster en brânwachtman en is fleanynstrukteur by Vliegclub Westerwolde. Dêrneist is hy sertifisearre brânwachtman en kin hy dêrfoar ynset wurde.
Diny Bergsma-De Vries (69) út Drachten
Bergsma-De Vries wie frijwilliger by de Montessoriskoalle yn Drachten en sette har yn foar de redaksje fan de skoalkrante. Frou Bergsma-De Vries is sûnt 2001 frijwilliger by CSG Liudger yn Drachten dêr't se har ynset foar de klankboerdgroep en as bibliotekaris yn de mediateek en se organisearret túnûnderwiis foar basisskoallen.

Súdwest-Fryslân

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Ale Sybrand Bok (62) út Ysbrechtum
Bok is al jierren sekretaris fan Sneek Promotion en bestjoerslid en foarsitter fan de Stichting Elektrysk Farre Fryslân. Hy hat jierren lang belutsen west by de Stichting de Sneker Pan en is sûnt 2015 mei-organisator fan it slotkonsert mei de Snitswike. Hy wie fan 2017 oant 2019 belutsen by de tariedingen fan alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden.
It echtpear Sjouke Eerde Bruining (62) en Geeske Bruining-Visser (53) út Arum
De hear Bruining hat in soad dien foar de tsjerken. Hy wie organist, twadde dirigint en fêste begelieder op oargel en piano, skriba, foarsitter en reserve-organist foar ferskate tsjerken as de Chr. Gereformeerde Kerk yn Harns en de Prot. Gemeente Harlingen-Midlum.
Frou Bruining-Visser is frijwilliger koardirigint en artistyk lieder fan de Stichting Schola Liturgica, se is kantor en ferantwurdlik foar de muzikale ynhâld fan de tsjerketsjinsten yn de Grote of Jacobijnerkerk yn Ljouwert en dirigint fan it Ljouwerter Bach Koor en muzikaal adviseur fan it Nieuw Lied Fonds Amsterdam.
Jan Jakob Dijkstra (68) út Snits
Dijkstra hat in soad ferskate funksjes hân by de hockeyklup Sneeker Mixed Hockey Club. Sa is hy dêr ponghâlder, mei-organisator fan jubileumfieringen, wie hy frijwilliger by it klusteam en wie hy oprjochter fan Stichting Tinga en eigener fan it klupgebou. Neist al dizze funksjes is hy ek frijwilliger by Patyna, wie hy frijwilliger by it Reade Krús en belutsen by de oerlissen oer de Sneeker Sport Carrousel.
Luite Griek (80) út Warkum
Griek wie en is akkordeonist by in soad koaren. Sa spilet hy by De Fryslân Sjongers, by shantykoar Tusken Wâl en Skip, by folk- en shantykoar Rolling Home en is hy neist akkordeonist ek noch ponghâlder by it Hindelooper Shantykoar Auke Wybesz. Fan 1992 oant 2003 wie hy ponghâlder by útfeartferiening De Laatste Eer yn Hylpen.
Peter Willem Harders (52) út Kimswert
Harders is belutsen by in soad dingen yn syn wenplak Kimswert. Sa is hy frijwilliger by it doarpsfeest, foarsitter fan feriening foar Doarpsbelangen, frijwilliger by de tsjerke en foarsitter, foarlûker en coach by de kompjûterklup. Hy helpt mei by it oanlûken fan nije frijwilligers foar de Landelijke Opschoondag 'Nederland Schoon', wie er belutsen by de realisaasje fan it Kimswerder Bosk en wie er mei-organisator fan de Ljochtkuier yn Penjum.
Hilbert Jager (78) út Snits
Jager hie ferskate funksjes by de karnavalsferiening fan Snits, ûnder oare (vice-)foarsitter, frijwilliger by de ferbou en útwreiding fan it ferieningsgebou en mei-organisator. Dêrneist fersoarge hy de catering by de Oranjevereniging, by in tal iepenloftspullen en wie er barmeiwurker by it festival Aaipop yn Nijlân. Hy wie frijwilliger by de trochtocht fan alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden en is kollektant foar de Hartstichting.
Lobbetje Johanna Peereboom (73) út Snits
Frou Peereboom hat in hiel soad aktiviteiten dien. Sy wie Kerkvoogdij en Kerkrentmeester by PKN Sneek, se wie frijwilliger by de Fancy Fair fan PKN Sneek, sekretaris en bestjoerslid fan stichting Accolade. Peereboom docht no noch altyd in soad dingen foar SBO De Súdwester, wêrûnder frijwilliger begelieding fan de skoalbiblioteek en begelieder fan learlingen.
Gezina Rozina Plooij (71) út Iens
Frou Plooij joech drumles oan senioaren, wie trainer en coach by it famkesfuotbal yn Frjentsjer, trainer en lieder by it jongesfuotbal yn Dronryp en wie skriuwster fan lesmateriaal foar NHL Stenden. Sy is pro-deo begelieder fan kliïnten en wie bestjoerslid fan it Iepenloftspul Jorwert. Sûnt 2014 is sy belutsen wy de jierlikse skjinmakkerij fan it doarpshûs.
Maria Postma (60) út Koudum
Frou Postma wie jeugdâlderling, kerkrentmeester en ouderling by de PKN gemeente yn Koudum. Sy hat ek ferskate funksjes foar de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond ferfolle, wêrûnder lid fan de technyske kommisje, skiedsrjochter en karmaster by de jierlikse PC yn Frjentsjer. Dêrneist is sy EHBO'er by eveneminten, begelieder fan kliïnten mei in ferstanlike beheining by Talant en teamlieder/groepslieder fan TOF fakânsjes.
It echtpear Reinold de Schiffart (57) en Harmke Hiltje de Schiffart-De Groot (57) út Twellingea
Hear De Schiffart ferfolle in soad funksjes by de PKN gemeente Oppenhuizen-Uitwellingerga. Hy wie dêr ûnder oare lid fan de frijwilligersgroep, joech lieding oan de bernetsjerke en is no diaken. Dêrneist wie hy jierrenlang mûnder en is hy no bestjoerslid en frijwilliger by de buertferiening en ponghâlder by de Oranjeferiening.
Frou De Schiffart-De Groot wie ponghâlder fan de sindingskommisje, jeugdâlderling en no diaken by PKN gemeente Oppenhuizen-Uitwellingerga. Dêrneist breidet sy sûnt 1980 foar goede doelen yn Roemenië en Afrika, is sy jierrenlang frijwilliger by buertferiening Om 'e Toer en soarget sy tegearre mei har man sûnt 1998 foar harren pleechbern.
Ruurdje Stallman-Kuipers (75) út Hylpen
Stallmann-Kuipers wie jierren akkordeonist by Folkloristische sang- en dûnsgroep Aald Hielpen en manljuskoar Gjin C te Heech. Mar is is noch altyd akkordeonist by Viswijvenkoor Grietje Sprot en Zeemanskoor Auke Wybesz.
Jan Bernard Terpstra (79) út Snits
De hear Terpstra wie foarsitter fan Showband Rhythm Stars Sneek, bestjoerslid by de Sneeker Muziek Federatie en Sneek Promotion. Hy is no sûnt 2007 foarsitter fan wykferiening De Spil yn Snits.
It echtpear Jan Volbeda (60) en Afke Volbeda-Koornstra (58) út Makkum
De hear Volbeda is belutsen by in soad aktiviteiten yn Makkum. Hy helpt by aksjes as it âld papier, behearder fan ynstruminten fan de drumband, beheart de muzykbiblioteek en helpt by de opbou fan konserten. Hy is frijwilliger by de jierlikse rommelmerk, materiaalmaster fan it 4 maaie komité, ferkearsregeler by de jierlikse Fytsalvestêdetocht en oare eveneminten yn en om Makkum.
Frou Volbeda-Koornstra docht krekt as har man in soad yn Makkum. Sy is kollektant by it Longfonds en Anjercollecte, frijwilliger bij ferskate eveneminten as de jierlikse Sinteklaasyntocht, Sint Willedei, Keningsdei en oare eveneminten. Sy is frijwilliger by de jierlikse rommelmerk en ferkearsregeler by de jierlikse Fytsalvestêdetocht en oare eveneminten. Dêrneist is sy al tritich jier mantelsoarger foar famyljeleden en freonen.
Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau
Anneke van Mourik-Van Herk (66) fan De Gaastmar
Frou Mourik-Van Herk wie senior manager yn lanlike ûndersyksopdrachten op it mêd fan sûnenssoarch, se wie diaken en lid fan de sindingskommisje by de PKN gemeente op De Gaastmar dêr't se no skriba is, en se is oprjochter, sekretaresse en lid fan de Adviesraad fan de Voedselbank.

Tytsjerksteradiel

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Harmen van der Meulen (70) út Noardburgum
Van der Meulen is al sûnt 1994 bestjoerslid en ponghâlder fan de Fryske hynstefokferiening en de Stichting Gezamenlijke Concoursen, hat him altyd ynset foar de dressuerkommisje en yn de redaksje fan it ferieningsblêd It Alde Skaei. Yn 2006 hat hy tegearre mei syn broer Haike it doarpshûs fan Noardburgum fan de ûndergong rêden nei in finansjeel drege situaasje.
Haike van der Meulen (70) út Noardburgum
Krekt as syn broer wie Van der Meulen in soad dwaande yn de hynstewrâld. Hy hat him jierrenlang ynset foar de Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek dêr't hy ta de meast kundige en routinearre sjueryleden hearde en hy wie krekt as syn broer Harmen bestjoerslid en ponghâlder fan de Fryske hynstefokferiening.
Gjalt Benedictus (69) út Garyp
Benedictus hat in lytsskalige bank en famkesskoalle yn Afrika oprjochte. Dêrneist is hy mei-oprjochter en bestjoerslid fan de Enerzjy Koöperaasje Garyp. Hy siet yn de stjoergroep fan de pilot Aardgas Vrij Garyp en wie sân jier lang bestjoerslid fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden. Hy wie in soad aktyf as frijwilliger yn de gemeente.
Loltje van der Zee-Van der Heide (70) út Eastermar
Van der Zee-Van der Heide sette har in soad yn foar froulju. Frou Van der Zee-Van der Heide siet seis jier lang yn it lanlike bestjoer fan de Vrouwenbeweging Passage. Dêrneist hie se ek in wichtige stim yn de Nederlandse Vrouwenbeweging. Sûnt 1975 is sy aktyf foar de frouljusbeweging yn Eastermar dêr't se ûnder oare sekretaresse, presidinte, regiofrou en oansprekpunt west hat.
Johanna Sjoerdtje de Vries-Hoekstra (82) út Burgum
Frou De Vries-Hoekstra hat har hiele libben in belutsen lid fan de tsjerke yn Burgum west. Sy wie in aktyf lid fan de gemeente en hat har op ferskate wizen ynset foar neisten yn har omkriten. Sy fersoarget wykliks de koffiemoarnen yn de Stryp en besoarget de 130 nijsbrieven op har fyts. De Vries-Hoekstra hat regelmjittich foar twa bernsbern, dy't yn in pleechfamylje sieten, soarge en hat yn har tún sawol grutte as lytse bisten fersoarge dy't ferwûne wiene.
Aukje Miedema-Klomp (82) út Hurdegaryp
Miedema-Klomp is sûnt 1984 frijwilliger by Bennemastate yn Hurdegaryp dêr't se ferskate rollen ferfollet. Se wurket al jierren mei oan aktiviteiten fan de tsjerke en is as frijwilliger belutsen by it Talma Hûs yn Feanwâlden. Se giet alle dagen op besite by sike of âlde minsken en helpt harren, ek nachts as dat nedich is.

Waadhoeke

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Jantje Doldersum-Kuipers (62) út Menaam
Doldersum-Kuipers is by in soad organisaasjes frijwilliger. Sa is se jongereinliedster by de fuotbalferiening, hat se ferskate funksjes foar de keatsferiening dien, is se notulist by de iisklup, is se ferkeapster en organisator by Nij Statelân en kollektant foar it Diabetes Fonds. Frou Doldersum-Kuipers is in ferbiner en stiet foar elkenien klear.
Elizabeth Blanksma-Dijkstra (60) út Hitsum
Frou Blanksma-Dijkstra is al mear as fjirtich jier aktyf en noch net fan plan om ynkoarten op te hâlden. Se is spylster en sekretaris by de toanielferiening, ponghâlder by de begraffenisferiening, foarsitter fan de Ald Meier Partij, sekretaris by in ANBI stichting en hat se ferskate funksjes by it Doarpshûs yn Hitzum.
Nanning Schreuder (69) út Dronryp
Schreuder hat mear as tritich jier foar syn sike frou soarge, dy't yn jannewaris ferstoarn is, neist syn full-time baan. Hy docht frijwilligerswurk by de begraffenisferiening en docht in soad foar Radio Eenhoorn. Dit wie allegear ôfstimd op de soarch fan syn frou.

Weststellingwerf

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:
Harm van der Meer (81) út Wolvegea
Van der Meer wie yn syn desitich libben learaar op in basisskoalle. Hy hat frijwilligerswurk as maatskiplik wurker dien en is no sûnt 2008 gastsprekker by it Landelijk Steunpunt Gastsprekers WOII, dêr't hy oan skoalbern syn persoanlike oarlochsskiednis fertelt. De hear Van der Meer is ek aktyf yn tsjerke yn ferskate tsjerklike gemeentes.