Lennart Bergwerff fan Baard op Saba: "Situaasje is nuodlik"

Op Saba is de situaasje nuodlik: der binne twa pasjinten dy't it coronafirus hawwe en ien fan harren is oerbrocht nei it sikehûs op Sint Maarten. Lennart Bergwerff komt fan Baard en is dokter op it eilân. Hy hopet dat it by dizze twa pasjinten bliuwt.
© Shutterstock.com (JohnHancockPhoto)
"Wy hawwe allinne in soarte fan dokterspraktyk+ hjir op it eilân, mei wol in hiel pear sikehûsbêden, mar gjin intensive care-bêden", seit Bergwerff. Op Saba sitte de bewenners no hast 14 dagen yn in lockdown. Minsken dy't fertocht wurde fan corona kinne test wurde yn in 'drive-through', sa't de dokter dy't de test ôfnimt him net hieltyd om hoecht te klaaien.
Lennart Bergwerff en syn frou binne beide dokter. Se draaie no wikseltsjinsten: de iene moarns en de oare middeis. Harren trije bern sitte thús. De âlder dy't thús is passet op en jout wat les.
Harkje hjir nei it ferhaal fan Lennart Bergwerff