Sierd van der Bij oer de lockdown yn Súd-Afrika: "Ek de ferkeap fan sigaretten en alkohol is oan bannen lein"

Wêr't in hiel soad Nederlanners hjir kleie oer de strange coronamaatregels, falt it allegear noch hiel bot mei yn fergelyk mei de maatregels dy't naam binne yn Súd-Afrika. Yn Kaapstêd wennet Sierd van der Bij, hikke en tein yn Burdaard. Hy fernimt alle dagen wat de strange lockdown betsjut. "Ek de ferkeap fan sigaretten en alkohol is oan bannen lein."
© ANP Foto
"Wy meie net kleie, wy ha in frijsteand hûs mei in tún", fertelt Sierd van der Bij yn it programma No yn Fryslân. "Foar minsken yn in township is it folle lestiger, want dy ha dy romte net om binnen te bliuwen. Mar der wurdt hjir strang kontrolearre en minsken dy't har net oan de regels hâlde wurde beboete."

Ferkeap sigaretten en alkohol

Yn Súd-Afrika jildt in tige strange lockdown, want ek de ferkeap fan alkohol en sigaretten is oan bannen lein. "Dat is om foar te kommen dat minsken harsels ferlieze yn de drank as se thús sitte", leit Van der Bij út. "It regear wol foarkomme dat minsken ûnnedich nei de winkel gean, en sigaretten en alkohol wurdt bestimpele as 'ûnnedich'."

Hurd yngripen

Der binne al in pear drankwinkels oerfallen, wit Van der Bij. "Sels it leger wurdt ynsetten om de maatregels te hânhavenjen. Ik kom sels wol ris yn in township hjir yn de buert, dêr't minsken yn lytse hokjes wenje. Ik tink dat minsken yn Fryslân in grutter hok op de tún hawwe. Binnen dizze townships giet it libben gewoan troch, lykas altyd. Dochs wurdt der wolris hurd yngrepen troch de plysje, dy't fynt dat minsken binnen bliuwe moatte. Mar dy romte binnen is der net."

Ekonomy op 'e harsens

It gefaar is dat sokke townships in 'brandhaard' wurdt foar de fersprieding fan it coronafirus. "Dêrom besykje se alles ek op slot te hâlden. Mar it is noch ôfwachtsjen hoe't dat útpakt. Boppedat leit de ekonomy folslein op 'e harsens." Ek de Súd-Afrikaanse Rand giet kwa wearde al nei ûnderen, fernimt Van der Bij. "Regelmjittich falt de stroom hjir út. De loftfeartmaatskippij stiet op omfallen en der komt noch fan alles achteroan. It is mar te hoopjen dat in soad yndustry hjir trochgean kin, sadat minsken harren baan behâlde."

Positive sfear

Ek yn de toeristyske sektor falle hurde klappen. "Der komme ek gjin toeristen, wylst Súd-Afrika just in lân is dat it dêr fan ha moat." Mar elkenien bliuwt posityf, fernimt Van der Bij. "De sfear is reedlik posityf. De ANC, de partij fan de presidint, hat der sûnt lange tiid net sa goed foarstien.
Sierd van der Bij yn Kaapstêd