16 april: de slach om de kop fan de Ofslútdyk en Waadeilannen moatte lang wachtsje

Dit jier is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútsers. De befrijing fan Fryslân begûn op 12 april. Yn in rige fan fiif artikels steane wy dêr by stil. Diel fiif: de slach om de kop fan de Ofslútdyk en it lange wachtsjen op de Waadeilannen.
In yn 1945 arrestearre 'moffenmeid' yn Harns © Griet de Jong (Tresoar, Fries Fotoarchief)
"Hè, gelukkig; het was dus toch geen droom. Zo is het inderdaad; pas vandaag beginnen we eigenlijk te beseffen, dat we van een nachtmerrie van vijf jaar (!) bevrijd zijn. Het is nog ongelooflijk, dat je maar weer lopen waar je wilt (ik heb waarlijk ruimtevrees als ik buiten kom), dat je kunt zeggen wat je wilt." Keimpe Sikkema kin syn gelok net op as er 16 april yn syn oarlochsdeiboek skriuwt, de dei nei de befrijing fan Ljouwert.
Hoewol't de Kanadezen op 15 april in hiele grutte slach slein ha yn de provinsje, binne der noch altyd plakken ûnder hearskippij fan de Dútsers. En om guon fan dy plakken wurdt ek no, op it nipperke foar de kapitulaasje, noch in heftige striid levere. It is in hiele toer om it lêste stik Fryslân foar de Ofslútdyk yn hannen te krijen.

Djippe wûnen yn Harns: 'één vlammenzee'

Sa rint Harns djippe wûnen op om't de ûngefear 500 Dútsers dy't dêr achterbleaun binne noch efkes frij spul ha. De Kanadezen binne de dei derfoar lang om let net fierder kaam as Frjentsjer en dêr meitsje de oerbleaune besetters goed misbrûk fan.
Brêgen wurde ferneatige en mear as 15 boaten wurde ta sinken brocht. Moarns berikke de Kanadezen Mullum, krekt bûten Harns. En út Hjerbeam wei sette se oan it begjin fan de jûn útein mei in drastyske metoade: Harns bestoke mei artilleryfjoer oant de Dútsers murf binne en dan pas binnenlûke. "Het was één vlammenzee", ferklearret in Harnzer brânwachtman letter.
Letter op de jûn lûke de Kanadezen dan eindlik de havenstêd yn en om middernacht hinne is de stêd yn hannen fan de befrijers. Se treffe der talleaze dronken Dútsers oan en de oare moarn binne der noch hieltyd Dútsers dy't wjerstân biede.

As rotten yn de fal by De Lemmer

By De Lemmer lûke op de 16e april 2,000 Dútsers as rotten yn de fal rjochting de Sudersee. Se wolle ûntsnappe nei Noard-Hollân, mar de Kanadezen stekke hjir in stokje foar mei tanks en swier geskut.
Underwilens wurdt de dyk fan De Jouwer nei De Lemmer by Skarsterbrêge fûl ferdigene troch Dútske soldaten, mar as se njoggen soldaten ferlern ha, jouwe se Skarsterbrêge op. Yn de rin fan de dei is it de measte Dútsers út de regio dochs slagge om by harren kammeraten yn 'Holland' te kommen.
Foar De Lemmer sels is dat goed nijs: hjirtroch hoe't it plak net lykas Harns oan grom bombardearre te wurden. Mar der komt wol geweld by te sjen: 23 oere wurdt it Dútske munysjedepot rekke. Nachts om 5 oere liket it dan wat rêstiger te wurden en kinne se de Kanadezen ûntfange. De befrijing kostet úteinlik Lemsters it libben.
Boalserters op in Kanadeeske wein mei de befrijing © Jacob Stienstra (Tresoar, Fries Fotoarchief)

Sûkelade, sigaretten en in praatsje yn Boalsert

Yn Boalsert giet it der gemoedliker oan ta. De Dútsers binne dêr al fuortlutsen en it wachtsjen is noch op de Kanadezen út Snits. De 16-jierrige To Hofstra fan Snits skriuwt moarns 16 april yn har deiboek: "Vanmorgen vroeg is het rossen en rijden begonnen. Ellenlange files komen vanaf de kade en gaan richting Bolsward. Het gejuich is niet van de lucht."

Op nei Koudum

Nei Boalsert is it op nei Koudum. Dêr binne de Binnenlandse Strijdkrachten dy dei drok dwaande NSB'ers op te pakken. Dy wurde ôffierd nei plysjesellen.
De oare moarn komme de Kanadezen it doarp binnenriden en in 'hongertrekker' út Wageningen dy't yn Koudum ferbliuwt, omskriuwt dat as in ûntspannen barren: "Ze zetten hun voertuigen neer om een weilandje bij het centrum en gedroegen zich tamelijk ontspannen. Ze deelden chocola en sigaretten uit en babbelden met de dorpsbewoners."
Penjum is stikken bombardearre © Tresoar

In drege lêste striid foar de Ofslútdyk

Mar dan komt it derop oan: de lêste heale sirkel foar de Ofslútdyk, Penjum, Wûns en Makkum moatte ferovere wurde. In grutte groep Dútsers is efterbleaun yn Penjum. It binne skerpskutters en mitrailleursnêsten, mei it doel om de Kanadezen safolle mooglik te fertragen.
De Kanadezen kinne neat oars as groffe maatregels nimme, lykas by Harns: bombardearje mei artillery en mortieren. Dat set útein op moandeitejûn 16 april om 19.30 oere en duorret oant let yn de middei fan 17 april.
In het dorp heerst na het inferno de chaos.
Wybren Bruinsma
Penjum leit der skansearre by en om 15:30 oere hinne wurdt mei in wite lape wiuwd. Mar as we dizze dagen ien ding leard hawwe, is it dat de Dútsers harren by lange nei net oan de oarlochsmoares holden. Twa Kanadezen rinne op de Dútsers ta en wurde delsketten. Ferwûne falle se del. Unútsteanber fansels, dizze aksjes, en de bataljonskommandat jout it sein om de definitive oanfal yn te setten om 17:00 oere.
Mei fjoerdekking komme de earste Kanadezen 21:30 oere it doarp binnen, nimme de besetters finzen en sûnderje de SS-ers fan de rest ôf. Seis boargers fine de dea yn dizze striid.
Penjum is frij, mar tsjin in hege priis: it doarp leit der mâl by. Sa'n 800 granaten moatte delkaam wêze yn it doarp. Ynwenner Wybren Bruinsma omskriuwt wat er sjocht: "In het dorp heerst na het inferno de chaos: dode paarden, koeien, geiten, gesneuvelde soldaten ( ) koppelriemen met de aanmatigende tekst "Gott mit uns" op de gesp; (...) een nog brandend dorp stinkend naar buskruit, waarin loeiende niet gemolken koeien her en der lopen en loslopende paarden met de oren plat op de kop door de straten galopperen."
Befrijing fan Wytmarsum © Tresoar

In fatale granaat yn Wûns

Wûns is 16 april yn de middei ek mei in soad sjitterij en granaten befrijd. Hoe bot oft de hurde hân ek nedich wie, it lit djippe spoaren efter. Sa wurde de bern fan de famylje Wesselius troffen troch in granaat fan de Kanadezen. Dochter Klaaske oerlibbet de ynslach net en is op slach dea. Pleuntje rekket swier ferwûne en stjert in dei letter yn it Kanadeesk militêr hospitaal yn Ootmarsum. Soan Liuwe rekket swier ferwûne troch in granaatskerf en wurdt nei itselde hospitaal brocht. De dei dêrnei wurdt er mei in fleantúch nei it sikehûs yn Nijmegen brocht, dat spesjalisearre is yn hollewûnen. Hy komt op 9 maaie noch te ferstjerren.
To Hofstra fan Snits heart alle geroften oer de striid ek en skriuwt 17 april yn har deiboek dat de befrijers in ultimatum steld ha oan Makkum: "(...) alle burgers moeten er uit en als de Duitsers er nu niet ook uittrekken wordt het platgeschoten. Alle bruggen zijn er nu al uit. Pingjum is gevallen, eveneens Wons, Pingjum moet echter ook al van de aardbodem verdwenen zijn."
Fernielde pleats yn Makkum nei fjoer fan de Kanadezen © P. Hartog, Tresoar

Fûle striid om Makkum

De lulkens om de ûnbetroubere aksje fan de Dútsers by Penjum is grut en der wurdt dan ek mei fûl geweld trochfochten om Makkum yn hannen te krijen. Sa'n 50 Dútsers sneuvelje yn dizze dagen. Op it tsjerkhôf meie se net begroeven wurde, dus komme se yn in massagrêf by Penjum te lizzen.
It artilleryfjoer en de granaten wurde yn de fiere omjouwing heard en tanks lûke op nei de kop fan de Ofslútdyk. De Dútsers ha de kop feroare yn in fort fan stikeltried, betonfersperringen, bunkers en minen.
Makkum is noch hieltyd yn hannen fan de besetters. De striid wurdt hieltyd yntinser, oant der yn de strjitten fan Makkum man tsjin man fochten wurdt. En dan, 18 april om 15:00 oere middeis is dêr it ferlossende wurd: Makkum is frij! Op it fêste lân fan Fryslân hoe't de azem net mear ynholden te wurden en mei oeral de trijekleur flagge wurde.
Dat je weer veilig op een fiets kunt zitten, zelfs een radio open en bloot in de kamer.
Goffe Miedema
In nij tiidrek is oanbrutsen, en dat is bêst in nuver gefoel, skriuwt Goffe Miedema fan Ljouwert yn syn oarslochsdeiboek.
"Je kunt je het moeilijk voorstellen dat er geen burgers meer door de S.S. en S.D. opgehaald en gemarteld worden. Dat je weer veilig op een fiets kunt zitten, zelfs een radio open en bloot in de kamer. Het is een vreemd gevoel. En nu staan we dan voor de wederopbouw, de afbraak door de moffen is geëindigd en nu kunnen we er weer aan denken hoe het zaakje zo goed mogelijk op poten valt te zetten."

Op de Waadeilannen moatte se lang wachtsje

Hitler is dea, de kapitulaasje is tekene en hiel West-Europa fiert feest. Mar as eilânbewenner is de frijheid noch fier fuort, want de oermastere fijân is noch altiten de baas én gefaarlik. De wiken nei de befrijing wiene foar bewenners fan de Fryske Waadeilannen hoopfol en frustrearjend tagelyk.
Om't de eilannen belangrike plakken wiene yn de Atlantikwall fan Hitler, sieten der in soad soldaten op Skylge, It Amelan en Flylân. Op guon plakken wiene der hast like folle Dútsers as eilânbewenners. Dy fysike oermacht en it grutte arsenaal oan wapens soargje derfoar dat de Dútsers sels nei de oerjefte noch lang de baas bliuwe.
As lêste yn hiel West-Europa meie de ynwenners fan Skiermûntseach op 11 juny it read-wyt-blau yn top hingje. Yn de wiken dêrfoar komt Waffenruhe hieltyd mear ûnder spanning te stean en kantelet de macht stadichoan mear de kant fan de eilanners op.

Ta elkoar feroardiele

De Waadeilannen hiene al in oare ferhâlding mei de Dútkse besetters. Oer it generaal ferrûn de besetting minder swier as yn de rest fan Nederlân. Op de isolearre eilannen wiene se oan elkoar oerlevere. Dêr wiene beide partijen har goed fan bewust. Freonskiplik waard it net, saaklik wol.
Fierder wie der net in soad ferset en koene se reedlik normaal meielkoar libje. De soldaten op it eilân wiene fan de Wehrmacht en moasten yn tsjinst. Se hiene in oare oarlochsynstelling as de keihurde SS'ers en SD'ers. Dy ûntdutsen Skiermûntseach pas doe't se yn april de stêd Grins útflechten.
Dat is ek ien fan de redenen wêrom't de eilannen pas sa let befrijd binne. Sawol de Dútsers as de eilânbewenners krigen beheind ynformaasje oer de befrijing. De Kanadezen dy't sa rap it iene nei it oare Fryske doarp befrijden, lieken de eilannen te ferjitten.

Spanningen rinne op

Mar yntusken rint de spanning op. De Dútsers hearre ek hoe't it der oan ta giet yn de befrijde gebieten en binne benaud foar represailles. Se ha noch altiten de wapens om de befolking der ûnder te hâlden. Lang bliuwe de Dútsers ferantwurdlik foar de oarder op it eilân.
Nei de folsleine kapitulaasje op 4 maaie komt de macht op Skylge yn hannen fan de fersetsgroep. Beide partijen ha wapens en soargje foar oarder en rêst. De spanningen rinne op as Skylgers de flagge úthingje om te fieren dat se befrijd binne.
Om de Dútsers net ûnnedich lulk te meitsjen wurde dy gau wer ynhelle. Mar fan de befrijders ûntbrekt noch elk spoar. Sa út en troch komme der Kanadezen om it eilân te ynspektearjen. Omdat der safolle soldaten binne, kostet it in soad tiid en papierwurk om se allegear fan de eilannen ôf te krijen.
Uteinlik binne it de Ingelsen dy't Skylge befrije. Op 29 maaie komme leden fan de Jaffa-Force om de Dútsers te ûntwapenjen en it eilân te befrijen. Dan kin de flagge lang om let op de toer. In dei letter stapt de lêste Dútske soldaat oan board fan in skip dat alle soldaten fan It Amelân en Flylân fuortbringe sil.

Lang om let frij

Flylân is op 31 maaie frij, It Amelân op 3 juny en Skiermûntseach folget noch in wike letter. Op 11 juny is it lytste Waadeilân as lêste gebiet yn West-Europa frij fan de Dútske besetters.
Foar dit artikel is gebrûk makke fan ynformaasje fan de websiden: ottobwiersma.nl; tracesofwar.nl; drentheindeoorlog.nl; nationaalarchief.nl; it boek boek Om niet te vergeten. De oorlog 1940-1945; de befrijingsbylage fan de Leeuwarder Courant fan sneon 8 april 1995; it artikel '16 april: Zware wapens in actie in kustgebied' yn de Leeuwarder Courant fan 16 april 2010 en de oarlochsdeiboeken fan Keimpe Sikkema, To Hofstra en Goffe Miedema.
Lês diel ien, twa, trije en fjouwer werom. Dizze rige artikelen is mei ta stân kommen troch in bydrage fan it vfonds.