Trije korpsen ride út foar brân yn Lemster sintrum

Op 'e Lemmer is moandeitemoarn betiid brân útbrutsen yn in iissalon oan de Oudesluis. De earste melding kaam om 3.20 oere binnen.
© Brânwacht De Lemmer
Omdat dêr yn it sintrum alles ticht op elkoar boud is, waard opskaald nei middelbrân. De brânwacht fan De Lemmer en Ychten ried út en de brânwacht fan It Hearrenfean kaam der by mei in heechwurker.
De brân wie op de begeane grûn fan in gebou fan twa ferdjippingen. Om fiif oere hinne wie de brân út.
Der wienen gjin minsken of bisten yn it gebou, dat in soad reek- en wetterskea oprûn hat. De eigener wurdt bystien troch de stifting Salvage.