PODCAST: 'De wraak fan it hynder'

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze tolfde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De wraak fan it hynder'.

Utstjoering 12: De wraak fan it hynder

Yn Kimswert, in doarpke yn Fryslân dêr't Grutte Pier opgroeid is, mei de koster fan de tsjerke, frou Pierik, graach toeristen rûnliede. Steefêst fertelt se dan dat de mânske bonken dy't útstald lizze yn de tsjerke, fan Grutte Pier binne. Har dochter Aly wit dat dit net wier is. Alle kearen as har mem dit fertelt, begjint it te sigen yn 'e tsjerke en Aly is der wis fan dat se dan in hynder fjouwerjen heart.
Op in nacht, as Aly net sliepe kin, sjocht se út it rút in wyt hynder draven. Se ropt nei him en it hynder praat werom! Se kin it net goed ferstean. Wat se wol tinkt te hearren binne de wurden 'bedroch' en 'wraak'. De oare deis docht bliken dat se it goed heard hat...
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.