Brantsje yn oerkaping yn Grou; buorlju gripe op 'e tiid yn

Oan de Roerdompstrjitte yn Grou seagen in pear bewenners moandeitemiddei dat der by harren buorlju brân wie. Njonken de wente fan dy buorlju stie de oerkaping yn 'e brân. Dat soarge derfoar dat der reek by de njonkenlizzende wente nei binnen kaam.
© De Vries Media
De bewenners fan it hûs wiene net thús, mar om't de buorlju op tiid de brânwacht fan Grou bellen, koe der mear skea foarkommen wurde. Net ien rekke ferwûne by de brân.