Grutskalich testen fan soarchmeiwurkers bûten sikehûzen set útein

De GGD Fryslân en de 24 oare GGD'en yn Nederlân sette moandei útein mei it grutskalich testen fan soarchmeiwurkers bûten de sikehûzen. Sy kinne test wurde as se wurkje mei pasjinten en coronaferskynsels ha. De GGD'en ha dêrfoar testfasiliteiten ynrjochte, ûnder oare yn Ljouwert op it terrein fan Izore. Dêr kinnen 100 oant 130 test deis dien wurde.
Grutskalich testen fan soarchmeiwurkers bûten sikehûzen set útein
Minsken dy't har teste litte kinne binne bygelyks ferloskundigen, húsdokters en minsken wêze dy't yn de thússoarch, jeugdsoarch, geastlike sûnenssoarch of hendikepte- en âldereinsoarch wurkje. Sy kinne test wurde as se 24 oeren lang klachten ha dy't wize kinne op it coronafirus. Se kinne harren dan troch de bedriuwsdokter trochstjoere litte.
GGD-direkteur Margeet de Graaf seit dat it yn Ljouwert yn de tinte by Izore giet om 100 oant 130 tests deis. Dat kin útwreide wurde nei maksimaal 150 deis.
Wij testen of zorgmedewerkers op dit moment ziek zijn. Bepalen of iemand het coronavirus heeft gehad, kunnen we nog niet.
Everhard Hofstra, GGD-dokter
Yn in grutte tinte binne trije saneamde teststrjitten ynrjochte. Der is in aparte yngong en aparte útgong. "Zo voorkomen we dat mensen elkaar kruisen en zo minimaliseren we dus het besmettingsgevaar", seit Everhard Hofstra. Hy is GGD-dokter.
"Mensen krijgen in een van de straten een test, waarbij een wattenstaafje in de neus of mond gaat. Het materiaal gaat meteen naar een laboratorium."

Utslach nei 24 oeren

It risseltaat is oer it algemien neffens Hofstra nei sa'n 24 oeren dúdlik. "Er zal ongetwijfeld een groter aantal positieve tests komen. Wij testen of zorgmedewerkers op dit moment ziek zijn. Bepalen of iemand het coronavirus heeft gehad, kunnen we nog niet."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Oant no ta waarden wol dokters en ferpleechkundigen yn sikehûzen mei klachten en pasjinten test op it firus. Net al it soarchpersoniel koe test wurde, omdat dêr net genôch kapasiteit foar wie. Dêr kaam krityk op, ûnder oare út de soarchsektor en de Twadde Keamer wei.

17.500 testen deis

Minister Hugo de Jonge sei ôfrûne wike dat it tal testen útwreide wurdt fan 4.000 deis nei goed 17.500 deis. Letter moat it noch mear wurde: 29.000 op in dei. It ministearje sei snein dat der no ekstra testkapasiteit is, mar net presys hoefolle.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma sjocht by de nije testlokaasje