Dichter en terapeut Abma: "Meitsje it ûnmooglike dilemma mooglik"

Troch de coronamaatregels misse in soad minsken no kontakt mei oaren en dat kin neffens dichter en terapeut Willem Abma grutte gefolgen ha. "Wat it docht mei in minske as er net oanrekke wurdt en net oanreitsje kin, dat ferskynsel is hiel slim", seit er.
© Eigen foto
Minsken dy't as bern gjin beskûl krigen ha, nimme dat harren hiele libben mei, seit Abma. "It is sa ôfgryslik wichtich foar it lizzen fan boaiem fan it ynlik fan in tatebern. Dat jout foar de rêst fan it libben mear wissichheid, want in folwoeksene is úteinlik ûntstien út it tatebern dat er west hat. It is eins ûnmisber."
It net oanreitsjen wurde hat grutte gefolgen, fertelt Abma. "Dan sjogge jo ek dat minsken dy't dat te min krije, harren iensum ûntwikkelje. Troch de bank nommen kinne je sizze dat in gebrek oan neiens soarget foar wanhoop, ferlittenens, djippe iensumens en mismoed."

Grutte gefolgen

No't troch it coronafirus ôfstân holden wurde moat, soarget dat by in soad minsken foar slimme gefolgen. "Dat jout dy gefoelens fan djippe ferlittenens en grutte eangst, mismoed. Dan kinne je je ek ôffreegje, moatte jo net de mooglikheid kreëarje dat der in romte is wêrby't minsken derfoar kieze om dan mar wat koarter te libjen en toch de neiens te krijen fan de allerneisten?", freget Abma him ôf. "Meitsje dat ûnmooglike dilemma mooglik. Dat streekjen oer de hân, it oankrûpen, dat moat mooglik wêze."
Abma hat in fers skreaun oer de coronatiid mei de titel "kwetsber bliuwe wy".
Harkje nei it petear mei Willem Abma en it fers "kwetsber bliuwe wy"
kwetsber bliuwe wy
de minske, wat hat er net útfûn.
wat net betwongen en oerwûn.
mei drones deadet er op ôfstân,
mei kapsules fljocht er nei oare planeten,
mei mikroskopen leit er wrâlden bleat.
syn wapens binne sa útprebearre
dat er ûnoerwinlik hast ûnfergonklik liket.
de ûnstjerlike robots fan him makke.
groeie him boppe de holle en laitsje him út.
mar dat firus net iens in sel grut.
wêr is it faksin tsjin dat stikje aaiwyt?
"dat sil komme en dan is ek dit firus oerwûn."
en noch ien en noch ien,
mar wis is dat der wer in firus komt,
en wer ien en wer ien.
in fijân dy't moardzjend en boartsjend deadet.
en de minske him mar mânsk en machtich wane.
dit ûnsichtbere firus, wat lit it ús sjen?
dat wy kwetsber binne en bliuwe,
in siken út de azem fan de ivichheid.
garânsje foar ûnkwetsberheid is der net.
wol is der de leafde ta treast en bemoediging.
Willem Abma , 2 april 2020