Measte IC-bêden yn Noard-Nederlân beset troch pasjinten út oare regio's

Neffens de lêste sifers binne der yn totaal 97 coronapasjinten opnaam yn de Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze der 29 op in intensive care. Yn hiel Noard-Nederlân lizze der 108 pasjinten op in IC-bêd. De measten dêrfan komme út oare regio's, en dus net út Fryslân, Grinslân en Drinte.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De sifers komme fan it ROAZNN. Dat is it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland. Net fan alle pasjinten is fêststeld dat se it firus ha, seit it ROAZNN, yn guon gefallen giet it om in fertinking.
It giet om sifers fan sneontemoarn om tsien oere. As je dy mei de sifers fan de ôfrûne dagen ferlykje, litte se in stabyl byld sjen.

Coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen

IC net-IC
Sneon 04/04 29 68
Freed 03/04 26 72
Tongersdei 02/04 27 69
Woansdei 01/04 28 65
Tiisdei 31/03 28 81
Moandei 30/03 31 73
Snein 29/03 28 76
Sneon 28/03 26 77
Freed 27/03 18 81
Neffens it ROAZNN is der op dit stuit 'voldoende capaciteit' yn de sikehûzen foar de opfang fan pasjinten út de eigen regio, mei of sûnder it coronafirus.